Sluisfabryk
Sluisfabryk | ||
bouwurk | ||
Kantoaren en foarste fabrykshal | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Smellingerlân | |
plak | Drachten | |
adres | Tussendiepen 6 | |
bysûnderheden | ||
boujier | 1960 | |
boustyl | Funksjonalisme | |
monumintale status | Gemeentlik monumint |
It Sluisfabryk (foarhinne NV Sluis Machinefabryk) is in âld fabrykskompleks oan de Tussendiepen yn Drachten. It hat in bysûnder plak yn de skiednis fan de nei-oarlochske yndustriële ûntwikkeling fan Drachten en stiet dêrom op de list fan gemeentlike monuminten yn Smellingerlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sluis wie ien fan de brûkers fan de yndustryflat oan de Oliemolenstrjitte, it doetiidske sammelgebou foar begjinnende bedriuwen. Doe't it dêr út syn jaske groeide, sette Sluis yn 1960 útein mei de bou fan in nije masinefabryk. Sluis wie it earste bedriuw dat him op de Tussendiepen fêstige en dêrmei de grûnlizzer foar yndustryterrein 'De Haven' yn Drachten. Yn it blokfoarmige gebou oan de strjitte sieten de kantoaren, de grutte hallen wiene de produksjegebouwen dy't troch in tuskenlid mei it kantoar ferbûn wiene. Yn de legere parten fan de foarste fabrykshal wiene ûnder oaren de bedriuwskantine, magazinen en in waskromte foar de arbeiders. [1]
De gebouwen binne opboud út stiel en beton en hawwe de stilistyske skaaimerken fan it doedestiids gongbere, modernistyske funksjonalisme. It totale bedriuwskompleks is in griemmank fan gebouwen út tige útinoar rinnende perioaden. [1] Sluis makke ûnder mear silo's en rinnende bandûnderdielen. It fabryk gie yn 1998 fallyt. Anno 2023 hinget noch hieltyd de sfear fan doetiids. [2]
Yn 2003 kocht dûmny Jan Hofstra it fabryk en begûn dêr syn autobussemuseum. Yn itselde jier setten ek de earste keunstners harren ateliers op yn de fabrykromtes. Ein 2015 naam Hollema Bouw it Sluisfabryk oer fan Jan Hofstra.[2]
Sûnt 2015 wurket de gemeente Smellingerlân op mei de bedriuwen oan de Tussendiepen oan de refitalisearring fan it bedriuweterrein. It Sluisfabryk fungearret dêrby as moetings- en briedplak dêr't nije inisjativen en ideeën mooglik makke wurde. Yn 2018 waarden de earste grutte (kulturele) eveneminten fasilitearre en yn 2019 waard foarsichtich úteinset mei needsaaklike restauraasjewurksumheden en fernijing fan it pân, sawol fan bûten as fan binnen. Der binne meardere hierders bykaam foar in kantoar, wurkpleats of atelier. Dêrneist wurdt it Slûsfabryk troch organisaasjes en bedriuwen brûkt as ynspirearjend plak foar harren eveneminten, gearkomsten of brainstoarmsesjes.
Stichting ' Craftwurk ' set him sûnt ein 2017 yn foar it fabryk en helpt mei it fasilitearjen en organisearjen fan eveneminten.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sluisfabriek fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |