Slot Marienburg (Hannover)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Slot Marienburg

Schloss Marienburg

Panoramaaufnahme Schloss Marienburg cropped.jpg
lokaasje
lân Flag of Germany.svg Dútslân
regio Flag of Lower Saxony.svg Nedersaksen
lânkring Flagge Landkreis Mayen-Koblenz.svg Mayen-Koblenz
plak Pattensen
bysûnderheden
type bouwurk Kastiel
boujier 1857-1867
boustyl Neogotyk
monumintale status Denkmal Plakette Niedersachsen.png Kultuermonumint
webside Side slot Marienburg

Slot Marienburg is in 19e-iuwsk neogoatysk kastiel yn de Dútske gemeente Pattensen yn de dielsteat Nedersaksen. It slot tsjinne as simmerresidinsje en jachtslot. Om it slot, dat stiet op in 135 meter hege heuvel, waard in lânskipspark oanlein.

Lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It slot yn 1865 (W. Aarland)

It slot stiet op de Marienberg súdwestlik fan Schulenburg, in Ortsteil fan Pattensen. It slot foarmet in gehiel mei it stasjon fan Nordstemmen, dat as keninklik stasjon foar it slot ferboud waard.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

19e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kastiel waard tusken 1857 en 1867 boud as kado fan kening George V fan Hannover oan syn frou Marie fan Saksen-Altenburg doe't hja 39 jier waard. Sawol it kastiel as de berch wêrop it slot boud waard ferneamde de kening nei syn frou. De bline kening waard yn 1866 ôfset mei't Prusen Hannover besette en op 20 septimber fan dat jier anneksearre. George V moast nei Wenen flechtsje, mar keninginne Marie bleau mei har dochter Mary noch oant 1869 op it slot wenjen, doe't ek hja George V folgen nei Eastenryk. It kastiel wie privé-eigendom fan de keninginne en dêrom waard it slot nei de anneksaasje fan it Keninkryk Hannover net troch Prusen ûnteigene; it bleau yn it besit fan de Welven.

20 iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loftfoto

Nei de ferballing fan de keninklike famylje bleau it slot 80 jier leech stean. Allinne de hûsmaster bleau op it slot passen en sûnt 1945 waarden op it slot tydlik flechtlings opfongen. Nei harren flecht út it doe troch de Russen besette easten wennen ek Ernst August fan Breunswyk en Victoria Louise fan Prusen, de iennige dochter fan keizer Wilhelm II en keizerinne Augusta Victoria, noch in skoft yn it kastiel.

21e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prins Ernst August fan Hannover junior, de lêste Welven-eigner fan it kastiel

Slot Marienburg wie sûnt 2004 yn it besit fan Ernst August fan Hannover jr. Tegearre mei syn broer Christian liet er yn 2005 grutte dielen fan de ynventaris fan it slot troch Sotheby's feile. Fiif etaazjes fan it slot mei 130 romten en in oerflak fan 4.000 m² waarden iepensteld, wêr't besikers mear as 20.000 keunstwurken besjen koene, dy't fan 5 oktober oant 15 oktober 2005 op in feiling ferkocht waarden. De feiling brocht 44 miljoen euro op en mei in diel fan de opbringst stifte prins Ernst August fan Hannover sr. in stifting ta behâld fan it slot.

It waard dúdlik dat it slot nedich restaurearre wurde moast en dat de famylje dy kosten langer net allinne drage koe. Yn 2018 makke de prins bekend dat hy it kastiel foar in symboalysk bedrach ferkeapje woe. De oerheid woe it slot oernimme en de needsaaklike restauraasje útfiere. Syn heit Ernst August fan Hannover senior makke lykwols beswier tsjin de ferkeap en easke it oan syn soan skonken kastiel werom. Troch in 32 siden tellende brief oan de minister-presidint fan Nedersaksen Stephan Weil die Ernst August fan Hannover senior in berop op in foarbehâld yn de kadasterwet, dat de nije eigner net tsjin it sin fan de eardere eigner in ûnreplike saak ferkeapje mei. De dielstseat Nedersaksen loek him yn de saak werom oant it famyljeskeel besljochte wie.

Yn 2019 kundige Ernst August fan Hannover oan dat er it kastiel mei ynventaris net ferkeapje mar oerdrage soe oan in noch yn itselde jier stifte Stiftung Schloss Marienburg. Yn 2020 fûn de oerdracht fan it kastiel mei de ynventaris fan 1.800 saken plak. It Landesmuseum Hannover hie al sa'n 140 skilderijen krige dy't fan belang wiene foar Nedersaksen en yn it kastiel bliuwe om dêr útstald te wurden. De restauraasje fan it kastiel sil oant 2030 duorje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.