Springe nei ynhâld

Slot Heidelberch

Ut Wikipedy
Slot Heidelberch
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
plak Heidelberch
adres 49° 24' N 8° 42' E
Skiednis
boujier 13e-17e iuw
ferneatiging 1689
Webside
schloss-heidelberg.de
Kaart
Slot Heidelberch (Baden-Wuertemberch)
Slot Heidelberch

It Slot Heidelberch (Dútsk: Schloss Heidelberg) is de ruïne fan in yn 1689 troch de Frânsen fernield slot yn Heidelberch yn it noarden fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. It slot stiet likernôch 80 meter boppe de rivier de Neckar.

It slot fan Heidelberch is tsjintwurdich ien fan de meastbesochte toeristyske attraksjes fan it lân. Alle jierren bringe likernôch 1 miljoen minsken in besite oan it slot.

It slot yn 1620

De bou fan it oarspronklike kastiel sette ûnder de Paltske greve Loadewyk I († 1231) útein en waard ûnder de karfoarsten Ruprecht III (1398–1410), Otto Heinrich (1556–1559), Freark IV (1583–1610) en Freark V (1610– 1621) ta in renêssânse slot útwreide. Hast trije iuwen lang tsjinne it as residinsje foar de paltsgreven. Dêrfandinne wie it slot in wichtich plak fan it aadlike libben yn it Hillige Roomske Ryk.

Der waarden yn 'e rin fan 'e iuwen gebouwen byboud dy't in soad ferskillende stilen fertsjintwurdigje. It Ruprechtgebou is bygelyks in goatyske tafoeging en it Ottheinrich-gebou is ien fan 'e wichtichste gebouwen fan it Dútske maniërisme.

Om it slot steane noch in tal rûne of achthoekige tuorren. Fan de Dicke Turm stiet noch mar de helte oerein, de toer hat in trochsneed fan 30 meter. De 15e-iuwske Gesprengter Turm is troch it opblazen fan de Frânsen in spjalte toer. De Glockenturm en de Apothekerturm binne 14e-iuwsk. Freark V liet yn 1615 de Elisabethtor bouwe. Under it bewâld fan dy karfoarst waard ek de Englischer Bau boud en de Hortus Palatinus oanlein.

Yn 'e Njoggenjierrige Oarloch (1688-1697) waard it twaris slim troffen. Op 2 maart 1689, wylst de Frânsen har út Heidelberch weromloeken (dat se earder ferovere hiene), setten se it slot yn 'e brân, dat dêrby gâns skea oprûn. Op 6 septimber 1693 waard it slot troch de Frânsen, nei't Heidelberch jitris yn harren hannen fallen wie, foar in grut part opblaasd en wie it dêrnei noch mar foar in part te brûken. Nei't der útein set waard mei in restauraasje baarnden op 24 juny 1764 mear dielen fan it slot troch bliksemynslach ôf. De moed waard doe opjûn en tenei bestjoerden de paltsgreven allinne noch fanút it Slot fan Mannheim.

It slot op in gravuere út 1845

Yn 'e tiid fan 'e Romantyk naam de belangstelling foar it slot wer ta. Fral de skilder Charles de Graimberg (1774–1710) hie in soad niget oan it gebou en bestege nei syn emigraasje nei Dútslân in soad tiid oan it behâld fan it slot. Yn 'e tiid fan 'e Romantyk waard it slot in symboal fan fergonklikens en oarloch. As sadanich spile it slot in wichtige rol yn 'e Heidelberger literatuer, dêr't grutte Dútske skriuwers as Friedrich Hölderlin of Joseph von Eichendorff oer skreaune.

  • Yn it eastlike diel is it Deutsche Apotheken-Museum ûnderbrocht.
  • It saneamde Heidelberger Fass yn ien fan 'e kelders fan it slot is in ûnbidich wynfet mei in ynhâld fan goed 220.000 liter.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Heidelberger Schloss