Springe nei ynhâld

Slot Arolsen

Ut Wikipedy
Slot Arolsen
Lokaasje
lân Dútslân
regio Hessen
lânkring Waldeck-Frankenberg
plak Bad Arolsen
koördinaten 51° 22' N 9° 1' E
Skiednis
stifter Friedrich Anton Ulrich fan Waldeck en Pyrmont
stiftingsjier 1710-1728
boujier 1710-1728
hjoeddeiske steat folslein bewarre
Oars
type Kastiel
boustyl barok
tagonklikens iepen foar publyk
bysûnderheden UNESCO-wrâlderfgoed
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
Side Slot Arolsen
Kaart
Slot Arolsen (Hessen)
Slot Arolsen

It Slot Arolsen (Dútsk: Schloss Arolsen) is in barok slot yn in Bad Arolsen yn de Dútske dielsteat Hessen. It is it slot dêr't Emma fan Waldeck en Pyrmont berne is, de frou fan kening Willem III en fan 1890 oant 1898 keninginne-regintesse fan Nederlân.

It slot is hjoed-de-dei in museum en wurdt ek noch jimmeroan brûkt as residinsje fan de famylje Waldeck en Pyrmont.

It kerspel Arolsen waard foar it earst neamd yn it ramt fan de stifting fan it augustynske kleaster Aroldessen. Fan 1526 oant 1530 liet greve Filip III fan Waldeck-Eisenberg it kleaster opheffe en lykas op in soad oare plakken waard op it lân fan it eardere kleaster in slot boud. Dat slot en de oerbliuwswls fan it kleaster waarden yn 1710 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it hjoeddeiske slot.

Hjoeddeiske slot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op itselde plak waard tusken 1710 en 1728 yn opdracht fan greve Friedrich Anton Ulrich fan Waldeck en Pyrmont it nije slot boud. Syn opfolger Friedrich Anton Ulrich waard op 6 jannewaris 1712 troch keizer Karel VI yn de ryksfoarstestân ferheft, en mocht him as earste foarst fan Waldeck en Pyrmont neame. Op 13 septimber 1720 koene Friedrich Anton Ulrich en syn frou, Louise fan Zweibrücken-Birkenfeld, de eastlike fleugel yn gebrûk nimme. Nei de foltôging fan it haadgebou yn 1728 gyngen der noch desinnia oer hinne ear't de ynrjochting mei dekoraasjes en de oanklaaiïng mei meubilêr foltôge wie. Yn 1728 fûn de ynwijing fan de slotkapel yn it eastlike bûtenpaviljoen plak. Yn dat jier waard Karel fan Waldeck en Pyrmond de regearjende prins en hy liet de apparteminten foar him en syn frou ferbouwe. Yn de westlike fleugel wiene sûnt dy tiid de muntparsen fan Arolsen ûnderbrocht. Yn 1740 folge de barokke ynrjochting fan de keamers fan de westlike fleugel, mar nei 1746 waard der yn rokoko-styl fierder wurke oan de audiïnsjekeamer fan de prinsesse.

0p 2 augustus 1858 waard yn it slot Emma fan Waldeck en Pyrmont berne, de lettere regintesse fan Nederlân. Hja troude op 7 jannewaris 1879 yn de slotkapel fan Arolsen mei kening Willem III.

De bou fan it slot lei in swiere lêst op de skatkiste fan it lytse foarstendom. Nei de stifting fan it Dútske Bûn siet Waldeck sa fier yn de skulden, dat it de ôfdrachten oan it bûn net mear betelje koe en it in wichtich diel fan syn ûnôfhinklikens ferlear.

De lêste regearjende prins, Friedrich fan Waldeck en Pyrmont, waard op 13 novimber 1918 ôfset. De ûnderhannelings oer de opdieling fan de besittings en it ferbliuw fan de famylje duorren oant 1929. Dy einigen mei it ûnderbringen fan de paleizen yn de stifting fan de "Waldeckischen Domanialverwaltung", in oerheidsorgaan fan de hjoeddeiske lânkring Waldeck-Frankenberg. Dêrfoaroer krige de famylje it fruchtgebrûk oer it slot, wat bygebouwen, de lânbougrûn en it boskbehear. De ynvintaris, de bibleteek en keunstkolleksje binne foar it behâld en ûnderhâld ûnderbrocht yn in famyljestifting sûnder winsteachmerk.

De 'Fürstlich Waldecksche Hofbibliothek' is in bibleteek mei literatuer op hast alle kennisgebieten, dy't yn de 18e iuw fan belang wiene. It swiertepunt leit op de kolleksje fan algemiene, ierdrykskundige, skiedkundige, literêre en militêre ûnderwerpen. De basis fan de bibleteek wiene 400 wurken en manuskripten fan it augustynske kleaster. Tsjintwurdich telt de bibleteek sa'n 35.000 boeken, tûzenen gravueres en 300 kaarten, ferdield oer fiif sealen.

Alle jierren wurdt sûnt 1986 it "Arols Barokfestival" organisearre yn de gebouwen fan it slot. Yn de rin fan de tiid binne dy in wichtich ûnderdiel woarn fan de Dútske festivalkultuer. It festival is in hichtepunt foar de klassike muzyk en oan de konserten dogge jimmeroan bekende artysten mei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Arolsen Literatur, op dizze side.