Springe nei ynhâld

Slachsport

Ut Wikipedy

In slachsport is in foarm fan balsport dêr't men mei de hân, mei in peddel of mei in racket, besyket de bal nei in oar partoer te spyljen, en leafst sa dat it oare partoer der net fierder mei spylje kin. Der binne sporten by tusken twa spylders, mar ek groepssporten. It grutste ûnderskied tusken slachsporten is de opjefte fan de partoeren.

By de symmetryske slachsport is der gjin ferskil tusken de partoeren; beide besykje om de bal nei in oar partoer te spyljen en net dejinnige te wêzen dy't it spul net geande hâlde kin. Dit binne sporten lykas tennis en follybal.

By de asymmetryske slachsporten is der al in ferskil tusken de partoeren. Dêr is der ien partoer dat de bal slacht, en ien dat de bal ûntfangt. It doel fan de slach is meast de bal foarby it fjildpartoer te spyljen, wylst dat partoer besyket dat te kearen. Sporten lykas keatsen en honkbal binne asymmetrisk.