Springe nei ynhâld

Slach by Worms

Ut Wikipedy

De Slach by Worms barde tichtby de hjoeddeiske Dútske stêd Worms yn 436. Dêr waarden de Boergonden, laat troch kening Gundohar, ferslein troch in Romeinsk hierlingenleger fan Hunnen en laat troch Attila. De fjildslach soe letter as ynspiraasje tsjinje foar it Nibelungenliet.

Om-ende-by 413 wienen de Boergonden yn it Romeinske Ryk as bûnmaten frijwat selsstannich wurden. Sy wienen belêste mei it ferdigenjen fan de Ryngrins fan de Alpen oant Metz. Under lieding fan Gundahar waard it oanswettende Romeinske gebiet beset. As reaksje stjoerde de Romeinske generaal Aetius yn 436 in strafekspedysje nei de Boergonden ta. It leger bestie benammen út Hunnen en waard laat troch Attila.

Yn de omkriten fan Worms, de haadstêd fan de Boergonden, waard it leger van de Boergonden ynsletten en troch de Hunnen ferneatige. Dêrby skeat kening Gundahar it libben derby yn en waard in grut part fan it Boergondyske folk en de hiele famylje fan de kening útmoarde.

De ferneatiging fan Worms en it keninkryk fan de Boergonden troch de Hunnen is ûnderwerp wurden fan in Midsiuwske heldenleginde dy't letter opgien is yn it epos Nibelungenliet, de ynspiraasjeboarne foar de operacyclus Der Ring des Nibelungen fan Richard Wagner.