Slach by Sondel
De Slach by Sondel hat west yn 1429 en wie in fjildslach tusken Skieringers en Fetkeapers. De slach wie in gefolch fan in fete tusken twa haadlingefamyljes yn Westerlauwersk Fryslân.
Eftergrûn en slach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nettsjinsteande de Soen fan Grins ûntsteane nei de Grutte Fryske Oarloch wer nije feten tusken Skieringers en Fetkeapers. Neffens de kronykskriuwer Worp fan Thabor wurdt yn 1424 de stins fan it Fetkeaperske laach Eerckema yn de brân stutsen as gefolch fan in fete tusken de haadlingefamyljes Bonnema en Eerckema. Der falle deaden by en fjouwer jierren letter hat it skeel him útwreide nei Gaasterlân dêr't ek de famylje Mennema by belutsen rekke.
De famylje Mennema krijt spul mei de pastoar fan Wikel dy't deaslein wurdt. De soan fan de pastoar bringt in hierlingeleger op 'en bien en nimt wraak. Yn 1429 wurdt Wybe Mennema deade, wêrnei't de Mennema's help sykje by û.o. de Skieringer Bonnema's.
Lang om let kaam it ta in grutte fjildslach by Sondel. De Boazumer Ede Kempis en Hille Bonnema stienen mei in protte oare Skieringers foar de stins fan Agge, de soan fan de ferstoarne pastoar Pieter. Agge hat knap stân hâlde kind en it slagge him om de Skieringers fuort te jeien. Dêrby deade hy Ede Kempis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer:
|