Springe nei ynhâld

Slach by Skellinkhout

Ut Wikipedy

De Slach by Skellinkhout fûn plak yn 1282 by it doarp Skellinkhout yn (West-Fryslân), tusken it leger fan de Hollânske greve Floris V en in legermacht fan West-Friezen. De West-Friezen waarden troch Floris ferslein en moasten him as Hear erkenne.

Yn 1256 hienen de West-friezen de Hollânske greve Willem II fermoarde doe't hy in rôftocht hâlde yn it Westfryske goa Westflinge. Syn soan en opfolger Floris teach sa gau't er de jierren hie op tsjin de Westfriezen. Mei in grut leger foel Floris by Wijdenes wraaksuchtich it gebiet fan de Westfriezen yn, flakby Skellinkhout stjitte hy op de legermacht fan de Friezen. Yn de slach dêrnei waarden de Friezen ferpletterjend ferslein. Neffens de skreaune skiednisboarne foelen der tusken de 600 en 1200 Westfriezen yn de striid.

Troch de nederlaach kaam der in ein oan de frijheid fan de Westfriezen en rekken sy harren ûnôfhinklikens foargoed kwyt oan it Greefskip Hollân. Yn West-Fryslân ferriisden oan alle kanten stinzen. De Westfriezen besochten dêrnei noch in oantal kear yn ferset te kommen, mar soene sûnt dy tiid hieltyd betwongen wurde. Floris V naam de titel oan fan Hear fan Fryslân, de bewenners waarden hearrigen, moasten belesting betelje en kamen ûnder it greeflik rjucht (1289).

  • D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 136,