Slach by Froonen
De Slach by Froonen fûn plak op 27 maart 1297 tusken it leger fan de Hollânske greve Jan en in Westfrysk leger. De slach waard wûn troch greve Jan. De slach is de lêste yn de rige fan slaggen tusken de Fryske bewenners yn it noarden fan Hollân en it offisjele bewâld troch de Greve, dêr't de befolking sa no en dan ûnôfhinklik fan wienen.
Oanlieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sawol Jan syn pakesizzer Willem II, as syn heit Floaris hienen besocht de Westfriezen te ûnderwerpen mei wikseljend resultaat. Omdat it hiel dreech wie it Westfryske gebiet yn te kommen liet Floris in dyk oanlizze fan Alkmar nei Oudorp en sa fierder West-Fryslân yn. Ek liet er twangburchten bouwe. By de oanlis fan de dyk foelen de Westfriezen hieltyd de dykwurkers oan dêr't wer strafekspedysjes op folgen. De nije oanpak fan Greve Floris smiet lang-om-let wol resultaat op want nei de oerwinning yn 1282 by Skellinkhout wie West-Fryslân passifearre. Lykwols net foarfêst want yn de ûnrêstige perioade, dy't yn it greefskip ûntstiet nei de dea fan greve Floris, komt de befolking fan West-Fryslân wer yn opstân.