Springe nei ynhâld

Slach by Dokkum (873)

Ut Wikipedy
in Wytsingeskip (Drakaar) waard ek wol langskip neamd.

De Slach by Dokkum fûn plak yn 873 tusken de Wytsingen, laat troch Rudolf en de Friezen ûnder lieding fan greve Albdag. De Wytsingen waarden dêrby ferslein.

Yn de 9e iuw hie it kustgebiet fan Nederlân, dat bekend stie ûnder de namme Fryslân in protte te lijen fan plonderings troch de Wytsingen. Fryslân makke doe diel út fan it grutte Frankyske ryk en de Frankyske kening wie net by steat om in effektive kustferdigening te organisearjen.

De taktyk dy't de Wytsingen folgen wie der op rjochte om hieltyd wer in oar punt foar in oanfal út te kiezen en sy koenen harren altiten weromlûke as de ferdigening te sterk wie en dan besochten sy it wer earne oars. Dat dy taktyk net altyd slagge die bliken yn de boppe neamde slach.

Yn 873 hie de Wytsinger Rudolf, dy't him sels festige hie op it eilân Walcheren en dêr hearske, him mei syn manlju op it roverspaad set. Op skippen (Drakaars) fearen sy nei it noarden ta en gongen oan wâl yn Eastergoa, tsjintwurdich it noarden fan de provinsje Fryslân. Mar oars as sy ferwachte hienen, stuiten sy dêr op it leger fan de Fryske greve Albdag, dat krêftich wjerstân joech. Yn de slach dy't nei alle gedachten ticht by Dokkum plak fûn hat, behellen de Friezen de oerwinning. Mei grutte ferliezen moasten de Wytsingen harren weromlûke en yn de slach sneuvele Wytsing hearsker Rudolf.

De oerwinning dy't de Friezen by Dokkum helle hawwe, wie krekt as de oerwinning by Norden trije jier letter, ien fan de sporadyske suksessen dy't tsjin de Wytsingen behelle waarden. De rampjierren 880, 881 en 882 moasten doe noch komme. It soe al mei al oant 891 duorje foardat de ôfwar fan de Fryske kust better organisearre wie.

Boarne en literatuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Gerlof Verwey, Geschiedenis van Nederland, (Amsterdam, 1995), side 102.
  • H. Halbertsma, Het rijk van de Friese koningen, (Utert, 2000), side 267-268