Slach by Dijon
De Slach by Dijon yn 500 yn 'e neite fan Dijon, gie tusken de bruorren Gundobad en Godigisel. Beiden wiene kening oer in part fan Boergonje. Godigisel waard stipe troch in Frankysk leger ûnder lieding fan Klovis en wûn de slach.
Oanlieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al sûnt 473 it jier dat kening Gundiok stoar wienen syn soannen mei inoar yn oarloch. It keninkryk fan de Boergonden wie nei goed Germaansk rjocht, ferparte ûnder de bruorren: Gundobad, Gundomar, Godigisel en Gilperik II. Gundobad, de meast ambysjeuze hie him 486 it diel fan Gundomar tabedield en yn 493 Gilperik II deade.
Godegisel dy't benaud wie foar syn broer fierde yn it geheim ûnderhannelings mei Klodis, kening fan Salyske Franken. Underdiel fan it ferdrach wie in houlik mei Klotilde, de dochter fan de ferstoarne broer Gilperik, mei Klovis.
Yn 500 kaam Klovis mei syn leger nei it suden ta en tegearre lutsen sy op tsjin Gundobad. Harren fjildtocht wie tige súksesfol, want by Dijon waard it leger fan Gundobad ferslein. De fersleine Gundobad flechte en socht in goed hinnekommen yn Avignon by de Ostrogoaten. De oerwinning dy't Godigisel helle, wie net foar fêst, omdat Gundobad mei stipe fan de Ostrogoaten it jier dêrop tebek komme soe en dêryn slagje soe om Godegisel op syn beurt te ferslaan.