Slach by Detern
Appearance
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach by Detern barde op 27 septimber 1426 yn East-Fryslân. Yn de slach stried it befrijingsleger fan Fokko Ukena tsjin de hearskappij fan Okko II tom Brok. Okko II tom Brok krige stipe fan de Aartsbisdom Bremen en de greven fan Hoya, Diepholz en Teklenburch.
Fokko Ukena wûn de slach troch syn kennis fan it gebiet en taktyske snoadens. De greven Johann von Rietberg en Konrad von Diepholz sneuvelen yn de slach en de aartsbiskop fan Bremen waard finzen nommen.