Springe nei ynhâld

Skûtsje

Ut Wikipedy
De Gerben van Manen, fan it Hearrenfean.

In skûtsje is in houten of stielen tsjalk dy't eartiids boud waard foar it ferfier fan fracht oer it wetter yn Fryslân. Ofhinklik fan it seizoen waard meastal dong, terpierde, ierdappels en oar bulkguod laden. De skipper en syn famylje wennen ornaris oan board fan it skûtsje.

Skûtsjes binne boud fan de 18e iuw ôf oant likernôch 1930. De lingte bedroech 12 oan 20 m. De breedte hie ferbân mei de ôfmjittings fan brêgen en slûzen yn it fargebiet en wie trochstrings 3.5 m, maksimaal in meter as fjouwer. De boaten wienen boud om te silen en hienen oarspronklik gjin motor. Yn de 20e iuw, yn de rin fan jierren tweintich en jierren tritich, krigen in soad skûtsjes helpmotoren, mar earst nei de Twadde Wrâldkriich waarden de silen ferfongen troch motors. De skûtsjes ferdwûnen as frachtskip fan it wetter doe't de motor-binnenfeartskippen dy't wol hûnderten tonnen lading mei nimme koenen, harren rol oernamen. In soad skûtsjes waarden dêrnei omboud ta wenten op it wetter.

Skûtsje Twee gebroeders yn 1909

In skûtsje ûnderskiedet him fan oare tsjalken omdat it:

  • yn Fryslân boud is,
  • net langer as 20m is,
  • boud is om te farren op it binnenwetter.

Skûtsjes wienen net boud foar de Sudersee, mar dochs binne se al brûkt om terpierde en dong fan Fryslân nei de omkriten fan Warmond te bringen. Sûnt 1974 wurdt yn de hjerstfakânsje op dat trajekt de Strontrace fersyld.

Sûnt de jierren 1950 binne de skûtsjes, dy't destiids as wenskip foar de wâl leinen, wer yn de feart naam. Dat kaam troch partikulieren dy't mei in kajút in prachtich jacht der fan makken, mar ek troch persoanen of organisaasjes dy de skûtsjes wer yn orizjinele staat werom brochten, benammen om wedstriid te silen. Alle jierren binnen der wedstriden mei skûtsjes, it bekende skûtsjesilen.

It Skûtsjemuseum yn Earnewâld is yn 2004 begûn mei de bou fan in tradisjoneel houten skûtsje, De Æbelina. It is op 22 augustus 2009 te wetter litten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]