Springe nei ynhâld

Skoalboerd

Ut Wikipedy
In skoalboerd.
Krytsjes en spûns
Dizze side giet oer it skoalboerd om op te skriuwen. Foar de skoaltas, sjoch: skoalboerd (tas).

In skoalboerd is in oerflak om op te skriuwen dat benammen yn it ûnderwiis in protte brûkt wurdt. It bestiet út in plat en meastal langwerpige paniel, dat foaroan yn in klaslokaal oan 'e muorre befêstige is en ornaris omheech en omleech skood wurde kin. Yn 'e regel bestiet it út trije panielen op in rige, wêrfan't de beide bûtensten, lofts en rjochts fan it 'haadboerd', nei foarren ta draaid en ynklapt wurde kinne. Dy beide panielen, dy't min ofte mear fjouwerkantich binne, kinne ek op 'e efterkant beskreaun wurde, wat it skriuwoerflak oansjenlik fergruttet. It haadboerd, wêrfan't de efterkant oan 'e muorre fêstsit, is twa kear sa grut as de beide sydpanielen, sadat de úteinen fan dy panielen inoar krekt net reitsje as se ynklapt wurde.

Skoalbuorden waarden omtrint 1840 foar it earst ynfierd. De oarspronklike eksimplaren bestiene út tinne platen fan swarte of dûnkergrize laaistien. Letter waarden se makke fan ienfâldich plaatmateriaal dat besmard wie mei in matte swarte ferve, saneamde 'skoalbuordeferve'. Noch wer letter begûn men skoalbuorden te meitsjen fan mattearre glês mei in swarte ûnderlaach derefter. Sûnt de 1980-er jierren is de orizjinele, swarte kleur fierhinne ferfongen troch dûnkergrien.

In skoalboerd wurdt beskreaun mei in krytsje, in sylinderfoarmich stikje kalk of (faker) gips, dat meastal wyt is, mar yn prinsipe eltse mooglike kleur hawwe kin. Neitiid kin it boerd dan wer skjinfage wurde mei in saneamde buordewisker, besteande út in laach filt, ornaris mei hânsel fan hout deroan. Nei ferrin fan tiid is in boerd troch te feien mei in buordewisker net mear goed skjin te krijen, en moat it mei wetter en in spûns himmele wurde, wêrnei't it wer in hiel skoft mei kin. It neidiel fan tradisjonele skoalbuorden is dat de krytsjes ôflitte en de skriuwer dus smoarge hannen kriget, en dat it wiskjen mei de buordewisker frijwat stowe kin. Sadwaande wurde sokke skoalbuorden tsjintwurdich gauris ferfongen troch whiteboards, dy't wyt binne en beskreaun wurde kinne mei spesjale filtstiften.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.