Skipsleat (Terwispel)
Appearance
De Skipsleat is in feart yn de gemeente Opsterlân. De feart leit west fan De Mersken benoarden Terwispel. De feart rint fan de krusing Alddjip (of: Keningsdjip) en de Beetster Feart, nei it suden en komt út yn de Nije Feart.
De namme Skipsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Schipsloot.