Nije Feart (De Ulesprong)
Appearance
(Trochferwiisd fan Nije Feart (Ulesprong))
De Nije Feart is in feart fan 9 kilometer langte yn de gemeentes Opsterlân en It Hearrenfean. De feart ferbynt it Nijdjip by Easterboarn en de Ulesprong mei Terwispel en rint fierder nei De Gordyk.
De namme Nije Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Vaart.
-
De Nije Feart yn súdeastlike rjochting by it Sudergemaal
-
Brêge oer de feart by Terwispel