Springe nei ynhâld

Skûtmakker

Ut Wikipedy
Helling

In skûtmakker is in eardere skipstimmerman en of hellingbaas.

In skûtmakker wurke oan houten skippen op plakken dêr’t gjin ferhurde diken wiene en it measte ferfier oer wetter gie. Guon skûtmakkers hiene dan ek in eigen helling. In helling waard sa neamd omdat de wâl op sokke plakken ôfrûn nei it wetter ta. It wiene saneamde lânshellingen, dêr’t in pream of bok oer in balke út it wetter lutsen waard. De skippen waarden op sa’n balke boud en gliden oer dy balke ek it wetter wer yn.

It wurk op de hellingen bestie benammen út it bouwen en oplaapjen fan houten skûtsjes, preammen en oare lytse fartugen. Om in boat tarje te kinnen of om de boat oan de ûnderkant tichtmeitsje te kinnen, moast it skip earst mei in liere de helling oplutsen wurde. Soks wie swier wurk. In soad foarkommende reparaasje wie it wetterticht meitsjen fan houten skippen. Mei tou en pik waarden lekken tichtmakke. It tarjen fan preammen moast ek in soad dien wurde. In skûtmakkersstik wie in masterstik fan de skûtmakker, in ambachtlik makke skipsûnderdiel dat in soad fakmanskip frege.

Reizgjende skûtmakkers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skûtmakkers reizgen ek wol as skipstimmerman ek nei de minsken ta. Sokke reizgjende skûtmakkers giene nei de boeren ta om skippen by harren thús op te laapjen. Dêrfoar hiene de skûtmakkers meast in eigen houten pream dêr’t neist it skipmakkersark ek in lange en swiere houten goate yn lei, en trije- of fjouwerskiifs teakels mei in lang sleeptrie. Mei dy pream farde hy silend, jeiend of boomkjend nei de boeren of fiskers ta. Yn de mande mei boerefeinten of oare help waard de swiere goate op de wâl brocht en dwers op it farwetter opsteld. Dan waard mei de sleeptrie en keabel it fartúch op de hellinggoate lutsen. It wie foar skûtmakkers wol omslachtich om it net op de eigen helling te dwaan, mar boeren en benammen komelkers koene harren faak iennige pream meastentiids net lang misse. Harren buorkjen gie ommers oer wetter: fee, molke, tsiis, hea en dong moast allegear oer wetter ferfierd wurde. Troch in reizgjende skûtmakker hoegden (boere)klanten harren pream of skou heechút twa dagen te missen.

De namme Skûtmakkerspôle komt noch foar yn Terkaple.[1] Yn Wergea bestiet in strjitte mei as namme 'De Skûtmakker'.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: