Springe nei ynhâld

Sixmastate (Huzum)

Ut Wikipedy
Sixmastate yn 1750

Sixmastate stie by Huzum, gemeente Ljouwert, op de hoeke fan de Huzumerleane en de Skrâns. Der is neat fan de state werom te finen.

It boujier is ûnbekend. Yn 1467 wurdt in Piba Jella Sijckma yn tsjerklike stikken fan Huzum neamd omdat hy lân ferkocht oan in Schelte fan Miedum. Oft hy al op Sixmastate wenne is net wis, mar wol oan te nimmen. Ut 1717 komt in beskriuwing fan de state dêr't ûnder mear yn stiet: Een voorhuys met een glase kasje, een kamer in de hovinge uitziende met twee bedsteden en porseleijn kast, blauwe en witte vloer, etc., etc. Yn it hûs wienen in turfsolder, in kleersolder, in bierkelder, in stâl foar 24 hynders, noch in stâl foar seis hynders en in stâl foar tsien kij. Sixmastate wurdt yn dy beskriuwing in gerechtigheid neamd mei in hof mei line- en nutebeammen, in blommetún, kuierboskjes, fivers en opgaande vruchtbomen.

Doe't jonkhear Bartel Tjalling Douma fan Sixma, de lêste manlike ôfstammeling fan dit laach yn 1809 stoar, seach de state der noch krektlyk út as yn 1717. Nei syn dea waard de state in oantal kearen ferkocht, ûnder oaren oan mr. Hendrik Trip dy't yn 1877 boaske mei Adriana Bernhardina van Borssum Waalkes. Harren soan Jan waard hjir yn 1878 berne. Se wienen de lêste bewenners fan de state, want dy waard yn april 1883 sloopt.

  • 1467 grif Piba Jella Sijckma
  • 1700-1715 Schelto Willem Baron van Bronckhorst
  • 1715-1736 Jan Rinties
  • 1736-1763 jhr. Hobbe van Burmania
  • 1763-1792 Simon Gabinus Bavius
  • 1792-1799 Anna Odilia Catharina van Bronkhorst, wed. P. Brandsma
  • 1799-1808 jhr. Bartel Tjalling Douma van Sixma
  • 1808-1828 Fokel Berber van Beijma, wed. Sixma
  • 1829-1833 Cornelia Charlotta van Asbeck, wed. mr. G.S. Brantsma
  • 1839-1849 Willem Maurits Reinbach
  • 1850-1853 Albertus Gerhardus Hooft
  • 1853-1855 Amelia Coehoorn de Schepper
  • 1856-1860 Epo Sjuck van Burmania Vegilin van Claerbergen
  • 1860-1877 Jan Trip
  • 1877-1882 mr. Hendrik Trip

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: