Sionstsjerke (Damwâld)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sionstsjerke
Damwâld, Kristlike Grifformearde Tsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flag of Dantumadeel.svg Dantumadiel
plak Damwâld
adres Haadwei 127
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1973
arsjitekt E. Smits, Dokkum
webside Side fan de gemeente

De Sionstsjerke (offisjeel: Sionskerk) is de tsjerke fan de kristlike grifformearde gemeente yn Damwâld.

Untstean fan de gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kristlike grifformearde gemeente fan Moarrewâld ûntstie nei de feriening fan de ôfskieden gemeenten en de dolearende gemeenten. Nei alle gedachten hie in grut diel fan de grifformearden út de ôfskieden tradysje net in soad op mei dy gearfoeging en doe't der striid ûntstie nei't in predikant út de ôfskieden tradysje as dûmny fan de gemeente wegere waard, liede dat ta trelit. Op 16 april 1900 stapten likernôch 200 gemeenteleden út de grifformearde tsjerke en stiften in eigen gemeente yn Moarrewâld, dy't oansluting socht by de Kristlike Grifformearde Tsjerke. As earste ûnderkommen fan gemeente tsjinne de skuorre fan de pleats fan Jan Pieters de Vries oan de Willemstrjitte.

Mei de oergong fan de âld grifformearde gemeente fan Broek ûnder Ikkerwâld nei de Kristlike Grifformearde Tsjerke, rekke de Moarrêwâldster gemeente leden kwyt oan dy gemeente. Dat gyng allegear net fan herte en de gemeente fan Broek waard der sels fan beskuldige dat hja fan doel wiene harren tsjerke op de grins fan de beide doarpen te bouwen, om sa safolle mooglik tsjerkefolk fan de Moarrewâldster gemeente te ûntnaderjen.

De earste tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1901 waard útein set mei de bou fan in tsjerke foar de kristelik grifformearde gemeente oan de Haadstrjitte, dy't yn 1918 útwreide waard mei oan wjerskanten in fleugel. Yn de rin fan de tiid rekke de tsjerke oan ûnderhâld ta en de beide galerijen waarden krykkrakkerich. De tsjerke wie fierstente lyts woarn en de gemeente moast kieze tusken restauraasje of nijbou.

De hjoeddeiske tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de earste 100.000 gûne ynsammele wie as startkapitaal foel it definitive beslút op 28 maaie 1973 dat der in nije tsjerke boud waard. Der kaam in opmerklik moderne tsjerke mei sa'n 450 sitplakken. Op 15 maaie 1975 waard de kânselbibel troch de jongste âlderling de tsjerke yndroegen en op de preekstoel lein. Nei de foltôging fan de nijbou waard de âlde tsjerke sloopt.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It 23 registers tellende oargel fan de Sionstsjerke waard boud troch J.L. van den Heuvel út Doardt. It instrumint waard op 9 desimber 1977 yn gebrûk nommen.[1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De poorten van Sion, 100 jaar geschiedenis van de Chr. Geref. Kerk Damwoude ISBN 90-9013690-8