Springe nei ynhâld

Sint-Willibrordtsjerke (Utert)

Ut Wikipedy
Sint-Willibrordtsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Utert
plak Utert
adres Minrebroederstraat 21
koördinaten 52°5'NB 5°7'EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Utert
patroanhillige Willibrord
Arsjitektuer
arsjitekt W.V.A. Tepe
boujier 1875-1877
boustyl neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 36364
Webside
Sint Willibrordus stifting
Kaart
Sint-Willibrordtsjerke (Utert-Binnenstêd)
Sint-Willibrordtsjerke

De Sint-Willibrordtsjerke oan 'e Minrebroederstraat yn Utert is in roomske tsjerke yn neogotyske styl. Oan 'e tsjerke gyngen in 17-iuwske skûltsjerke oan 'e Dorstige hartsteeg en sûnt 1842 de provisoaryske Silotsjerke oan 'e Herestraat foarôf. Eigner fan 'e tsjerke is de Sint Willibrordus stifting, dy't troch pater Winand Kotte (* 1922 - † 2006) oprjochte waard. Sûnt 1976 is de tsjerke in ryksmonumint, dat as ien fan de meast geve foarbylden fan de Utertse Skoalle yn 'e neogotyk beskôge en ta de bêste wurken fan de arsjitekt Alfred Tepe rekkene wurdt.

De bou fan 'e Willibrordtsjerke sette yn 1875 neffens in ûntwerp fan Alfred Tepe útein. Fanwegen de ynsletten romte tusken oare gebouwen liet Tepe in hegere en koartere tsjerke bouwe as wênst wie. Oan 'e oare kant fan 'e Minrebroederstraat hat de tsjerke in lytse kleastergong. Op 21 juny 1877 waard de tsjerke ynwijd troch aartsbiskop Schaepman * 1815 - † 1882), mar it duorre noch oant 1891 oant ek de ynrjochting ree wie.

Heechalter.

De tsjerke is der foaral komd tanksij it Sint Bernulphusgild, in yn 1869 yn Utert stifte feriening fan preesters en keunsters, dy't as doel hiene om roomske tsjerken te bouwen en yn te rjochtsjen yn neogoatyske styl. It gild stie in arsjitektuer foar dy't werom grypte op de Nederrynske gotyk. It fykwurk oan it tsjerkemeubilêr is ôfkomstich fan 'e byldhouwer Friedrich Wilhelm Mengelberg, de brânskildere ramen binne foar in part makke troch Heinrich Geuer en in soad smeiwurk troch Gerard en Jan Hendrik Brom. De kleurrike beskildering waard troch Chr. Lindsen oanbrocht. De doarren fan it tabernakel waarden yn 1939 skildere troch de Fryske skilder Jacob Ydema.

Wylst in soad neogoatyske tsjerken yn 'e jierren 1960 en 1970 harren rike ynrjochting ferlearen, ferboud of ôfbrutsen waarden, is it ynterieur fan 'e Sint-Willibrordtsjerke hast folslein bewarre bleaun. Ynearsten soe de tsjerke yn 'e fral foar de Katolike Tsjerke rûzige jierren 1960 ôfbrutsen wurde. Pater Winand Kotte en meistanners wisten it gebou lykwols oan te keapjen en te behâlden yn 'e tradisjonele steat. Sa is it gebou hjoeddedei ien fan 'e bêste tsjûgen fan 'e Utertske Skoalle yn 'e neogotyk. Tusken 1991 en 2005 hat in grutskalige restauraasje plakfûn.

Yn 'e iere jierren 1970 wie de tsjerke it sintrum fan tsjerklike striid tusken kardinaal Alfrink en pater Kotte, dy't de tsjerke foar de katolike earetsjinst behâlde woe en dêr de Mis ad orientem opdroech neffens de Novus Ordo Missae. Nei in pear herfoarmings bêde de ûnrêst del, alhoewol't it ierdsbisdom de Willibrordtsjerke net as in selsstannige parochy of diosesane ynstelling akseptearje woe.

Op 20 oktober 2008 waard bekendmakke dat de Sint-Willibrordtsjerke de bannen mei it aartsbisdom Utert wer ophelle. Aartsbiskop Wim Eijk hat de Sint-Willibrordtsjerke dêrnei oanwiisd as rektoraatstsjerke, d.w.s. in tsjerke mei in beskate foarm fan ûnôfhinklikens yn in katolike parochy. Op inisjatyf fan Eijk fûn it gebrûk fan 'e tsjerke plak ûnder tafersjoch fan 'e Nederlânske Feriening foar Latynske Liturgy. De feriening krige dêrmei in fêste lokaasje yn Nederlân. Eijk hat op 25 jannewaris 2009 de tsjerke op 'e nij ynwijd.

Oersjoch ynterieur.

De tsjerke, dy't oant 2005 restaurearre wie mei help fan katoliken, it Ryk en de gemeente, waard saaklik troch de stifting Culturele Evenementen Sint Willibrordkerk eksploitearre. Grutte opskuor ûntstie der yn 2014 nei't Dries Verhoeven yn 'e maitiid fan 2014 tsien kontroversjele foarstellings yn 'e tsjerke jûn hie. Underdiel fan 'e foarstelling wie in hilaryske "teätrale misse".[1] De foarstellings waarden troch it apostolaat fan 'e St. Willibrordtsjerke, ferantwurdlik foar de liturgy en it pastoraat, as "ûntwijend" beoardiele en ferwiet de stifting Culturele Evenementen Sint Willibrordkerk jimmeroan mear eigen rjochting en gjin rekken mear te hâlden mei de beheinings, dy't it gebrûk fan in wijde katolike tsjerke meibringt. It apostolaat wegere noch langer mei te wurkjen oan missen yn 'e de facto ûntwijde tsjerke en op har oantrunen liet it bisdom de tsjerke offisjeel foar de earetsjinst slute.

Foar it behâld fan it gebou as katolike tsjerke en om de grutte groep fêste besikers fan 'e misse yn 'e mjitte te kommen, hie de eigner, de Sint Willibrordus stifting, de tradisjonele preesterbruorskip St. Pius X (SSPX) letter frege foar de betsjinning fan 'e sielssoarch. Mei goedfinen fan it apostolaat en it Bisdom Utert waard sûnt 2016 de tsjerke alle sneinen oan 'e preesters fan de SSPX beskikber steld. Doe't bekend waard dat de bruorskip de skulden foar de tsjerke oernimme woe en de preesters fan 'e bruorskip yn ruil dêrfoar in mearderheid yn 'e Sint Willibrordus stifting krije soe, besocht de stifting Culturele Evenementen Sint-Willibrordkerk dat op te kearen troch de publike opiny te mobilisearjen en de lannelike media yn te skeakeljen. Yn 'e berjochten waarden de tradisjonele preesters as fundamintalisten weiset en der waard suggerearre dat de tsjerke foar oaren sletten wurde soe. Yn 'e simmer fan 2017 joech de ried fan 'e gemeente Utert lykwols tastimming oan 'e SSPX om de Willibrordtsjerke oer te nimmen. Op 12 novimber 2017 is de tsjerke troch de generaal-oerste, monseigneur Bernard Fellay, ynsegene.

Alhoewol't de tsjerke foar alles brûkt wurdt as godshûs, bliuwt it gebou ek ûnder lieding fan it bruorskip iepen foar kulturele aktiviteiten. Alle dagen wurdt it gebou boppedat iepensteld foar it publyk om it te besjen, mar ûnweardich gebrûk (dat yn striid achte wurdt mei wat akseptabel is foar in godshûs) wurdt langer net tastien. Dêrnjonken wol de SSPX de tsjerke as missy-sintrum brûke foar it werkristenjen fan it sekularisearre Nederlân. De missen wurde neffens de Tridentynske ritus opdroegen. [2][3]

It earste oargel waard yn 1885 troch Stulting & Maarschalkerweerd as twamanualich ynstrumint mei 16 registers boud. By in brân yn 1905 gyng it ferlern en Michaël Maarschalkerweerd boude foar de tsjerke dêrnei in nij ynstrumint mei 16 registers, ferdield oer twa manualen en pedaal. Yn 1947 waard it front ferwidere en yn it ramt fan in renovaasje fan it ynstrumint troch Verschueren fan in modern front foarsjoen. Oargelfirma Elbertse restaurearre en fergrutte yn 1997-2005 it oargel. Tagelyk waard it ynstrumint in ferdjipping leger setten en krige it in nij neogoatysk front. Tsjintwurdich telt it 29 registers ferdield oer twa manualen en pedaal.[4][5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Sint-Willibrordkerk (Utrecht)


Keppeling om utens