Sint-Petrustsjerke (Kapernaüm)
Sint-Petrustsjerke כנסיית בית פטרוס | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | Kapernaüm | |
koördinaten | 32°52' N 35°34' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Ildo Avetta | |
boujier | 1990 | |
Webside | ||
Side fan it kleaster | ||
Kaart | ||
De Sint-Petrustsjerke (Hebriuwsk: כנסיית בית פטרוס; ek de Pylgerstsjerke fan Sint-Petrus) is in moderne katolike pylgerstsjerke op 'e archeologyske lokaasje fan Kapernaüm yn Noard-Israel. De tsjerke makket diel út fan it Fransiskaanske kleaster yn Kapernaüm en waard wijd oan 'e apostel Petrus, neffens katoliken de earste paus fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.
By de archeologyske opgravings op 'e lokaasje waard ek noch in laach ruïnes ûntdutsen, dêr't yn 'e earste helte fan 'e earste iuw in tsjerke op boud wie. Dy wurdt beskôge as it earste tsjerkegebou fan 'e wrâld en mooglik wie it it hûs fan 'e apostel Petrus. Yn 'e 5e iuw waard in achthoekige tsjerke op it plak boud, dêr't de fûneminten fan yn 'e midden fan it ynterieur te sjen binne.

Oer de oerbliuwsels fan dy âlde tsjerken waard yn 1990 in moderne pylgerstsjerke boud, dy't tagelyk as beskerming tsjinnet foar de ruïnes. Lykas de 5e-iuwske tsjerke hat de tsjintwurdige tsjerke in achthoekich grûnplan. Om de archeologyske omjouwing net te oerhearskjen is de hichte fan 'e tsjerke beheind bleaun. De steunbearen yn it ienfâldige ynterieur binne dekorearre mei acht houten reliëfs fan foarstellings út it evangeelje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of the Primacy of Saint Peter De Petrustsjerke op Bible Walks
|