Sint-Petruskatedraal (Genève)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sint-Petruskatedraal

Cathédrale Saint-Pierre

Façade de la cathédrale Saint-Pierre de Genève 2009-07-11.jpg
lokaasje
lân Flag of Switzerland (Pantone).svg Switserlân
kanton Flag of Canton of Geneva.svg Genève
plak Coat of Arms of Geneva.svg Genève
adres Place du Bourg-de-Four 24, 1204 Genève
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 12e iuw
boustyl Romaanske en goatyske arsjitektuer; klassisisme
oare ynformaasje
webside Side protestantske tsjerke

De Sint-Petruskatedraal (Frânsk: Cathédrale Saint-Pierre) is in nei de apostel Petrus ferneamde eardere katedraal fan de biskop fan Genève en tsjintwurdich de grifformearde haadtsjerke fan de Switserske stêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Mei de bou fan de trijeskippige pylderbasilyk waard om 1160 hinne yn romaanske tsjerke begûn. Hûndert jier letter fûn de foltôging yn goatyske styl plak. Yn de 18e iuw waard de tsjerke ferboud en krige de haadgevel in klassisistyske foarbou.

Op 8 augustus 1535, nei in preek fan de reformator Guillaume Farel, waarden it meubilêr en de bylden fan de tsjerke ferneatige en de fresko's oerkalke. De tsjerke waard in grifformearde haadtsjerke en Jehannes Kalvyn wie 23 jier as preker oan de tsjerke ferbûn.

De yn de jierren 1400-1405 yn opdracht fan kardinaal De Brogny yn flamboyant-gotyk boude Makkabeeërskapel krige yn it ramt fan de reformaasje in oare funksje, mar waard letter oant 1888 wer restaurearre.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ynterieur fan de tsjerke is noch in soad byldhouwurk te sjen, benammen oan de kapitelen.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan de Petrus-katedraal stamt út 1965 en waard troch Metzler & Soannen út Dietikon boud. It moderne oargelfront waard troch de Deenske arsjitekt Poul Gerhard Andersen ûntwurpen. De Noard-Dútske oargels fan de 17e iuw en de Frânsk-barokke ynstruminten hawwe de disposysje fan it oargel beynfloede. It oargel hat 67 registers op fjouwer manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.

Dêrnjonken hat de katedraal yn de Makkabeeërskapel in Walcker-oargel út 1889 en in lyts koeroargel fan 1970.

Omjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de katedraal stiete de Temple de l’Auditoire út de 15e iuw, dêr't Jehannes Kalvyn en Theodorus Beza harren teologyske lêzings holden.

Under de tsjerke binne opgravings te besjen. Ut de opgravings kin opmakke wurde dat de tsjerke in komplekse bouskiednis hat, wêrfan't de foargongers oant de 4e iuw werom geane.

Under de opgravings fan de tsjerke is in grêf fûn fan in Keltyske haadling.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale St. Peter (Genf)