Sint-Petrus yn Gallicantu
| Sint-Petrus yn Gallicantu | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | ||
| adres | Ma'aleh Hashalom - Mount Zion | |
| koördinaten | 31°46' N 35°13' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1924-1931 | |
| Webside | ||
| www.assumptio.org | ||
| Kaart | ||
De Tsjerke fan Sint-Petrus yn Gallicantu is in tsjerkegebou op 'e eastlike flank fan 'e berch Sion yn Jerusalim.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tafoeging Gallicantu betsjut yn it latyn 'kraaien fan 'e hoanne' en ferwiist nei Jezus' wurden oan Petrus (neffens Markus 14:72): Ear't de hoanne twaris kraaid hat, silst trije kear sein hawwe datst My net kinste.

Foargonger
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ta oantinken oan it ferried fan Petrus waard op it plak yn it jier 457 in tsjerke boud, dy't yn opdracht fan 'e Fatimidyske kalyf Al-Hakim yn 1010 ferneatige waard.
De krúsfarders lieten yn 1102 in nije kapel bouwe, dy't doe ek de hjoeddeiske namme krige. Nei de fal fan Jeruzalim rekke de tsjerke op 'e nij yn ferfal. Pas yn 1931 waard wer in nije tsjerke op it plak boud.
It plak fan 'e tsjerke wurdt ek beskôge as de lokaasje dêr't eartiids it paleis stien hat fan 'e hegepreester Kajafas. Neffens it Itinerarium Burdigalense fan in anonime pylger út Burdigala, it tsjintwurdige Bordeaux: ... heger geand fan 'e Fiver fan Siloäm nei de berch Sion soe immen it hûs fan 'e preester Kajafas tsjinkomme.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is te berikken fan in heger lizzend parkearterrein ôf. Yn 'e hôf fan 'e tsjerke stiet in byld dat de leagening fan Petrus foarstelt. Op 'e basis stiet de bibelske ynskripsje Non novi illum ("Ik kin him net", Lukas 22:57). Op 'e smei-izeren doarren fan 'e tsjerke is in foarstelling te sjen fan Jezus, dy't de ûntrou fan Petrus foarseit (Lukas 22:34). Rjochts binne mozaiken te sjen, dy't by opgravings fûn binne en nei alle gedachten ûnderdiel fan 'e flier fan 'e 5e-iuwske tsjerke wiene.
Grutte kleurrike mozaiken mei persoanen út it Nije Testamint fersiere de tsjerkeromte. Foar de yngong oer ûnderfreget Kajafas Jezus, dy't fêstbûn is. Rjochts is in foarstelling fan it Lêste Nachtmiel en lofts Petrus as earste paus. It plafond hat in grut krúsfoarmich raam fan ferskate kleuren.
Under de tsjerke lizze grotten, dy't mooglik by de Byzantynske tsjerke hearden. Yn 'e muorren binne krúsen gravearre troch 5e-iuwske kristenen. Noch leger binne grotten dy't datearje út it tiidrek fan 'e Twadde Timpel. In soad kristenen leauwe dat Jezus nei de arrestaasje yn ien fan 'e ûndergrûnske grotten fêstset waard. Oan 'e noardlike kant fan 'e tsjerke is in brede âlde trep dy't nei de delling fan Kidron liedt. It koe wolris it paad west ha dat yn 'e tiid fan 'e Earste Timpel de boppestêd mei de benedenstêd ferbûn. Foar in soad kristenen is it it paad dat Jezus de nacht foar de arrestaasje folge nei Getsémané. Oan wjerskanten binne tal fan resten fan gebouwen út de Romeinske en Byzantynske tiid.
De tsjerke is fan de Paters Assumptionisten, in yn 1887 stifte en nei de opname fan Marije yn 'e himel ferneamde Frânske oarder. It haadkertier fan 'e oarder yn Jeruzalim is it monumintale Notre Dame de Jerusalem, boud yn 1889.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Glês-yn-leadkrús yn it dak
- Byzantynske mozayk
- Ynterieur benedentsjerke'
- Undergrûnske finzenis
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
