Sint-Kolmankatedraal (Cloyne)
Katedraal fan Cloyne
Cloyne Cathedral | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | Cloyne | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
offisjele webside | ||
cork.anglican.org |
De Sint-Kolmankatedraal (Ingelsk: St. Colman's Cathedral) is de katedraal fan de Tsjerke fan Ierlân (Church of Ireland) yn Cloyne yn Ierlân. De katedraal leit yn de tsjerkeprovinsje Dublin. Earder wie it de katedraal fan it bisdom Cloyne, mar tsjintwurdich is it ien fan de trije katedralen fan de gearfoege bisdommen fan Cork, Cloyne en Ross.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De skiednis fan it bisdom giet werom op de stifting fan in kleaster yn de 6e iuw troch de muonts Kolman. De kening fan Munster, Coirpre Cromm mac Crimthainn, stelde foar dat kleaster in stik grûn beskikber. Yn 822, 824 en 885 waard it kleaster plondere troch de Denen.
Op de Synoade fan Kells yn 1152 waard Cloyne as bisdom erkend.
De hjoeddeiske tsjerke datearret út 1250 en waard boud op it plak fan âldere bouwurken. Mei de reformaasje waard de katedraal in protestanske tsjerke. Fanôf 1868 waard yn Cobh in roomsk-katolike Kolmankatedraal boud, dy't foltôge waard yn de 20e iuw.
Oan de oare kant fan de wei stiet de "Rûne toer fan Cloyne" út de 10e iuw, dy't brûkt waard as de klokketoer fan de katedraal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|