Sint-Barbaratsjerke (Kazan)

Ut Wikipedy
Sint-Barbaratsjerke

арваринская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
autonome republyk Tatarstan
plak Kazan
koördinaten 55° 47' N 49° 08' E
Arsjitektuer
arsjitekt Fedor Nikolajevitsj Malinovski
boujier 1901-1907
monumintale status Monumint fan regionaal belang
monumintnûmer 161711110430005
Kaart
Sint-Barbaratsjerke (Kazan)
Sint-Barbaratsjerke

De Tsjerke fan 'e hillige grutte martler Barbara (Russysk: Церковь Святой Великомученицы Варвары) is in tsjerkegebou yn it Vachitovski-distrikt fan 'e Russyske stêd Kazan.

Earste tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In eksakte datum fan 'e earste bou fan 'e Barbaratsjerke is net bekend. Wol is bekend dat de tsjerke tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw boud waard, yn in tiid dat de weropbou fan 'e stêd plak fûn nei de reboelje fan 'e rebellen fan Jemeljan Pûgatsjov.

Hjoeddeiske tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde Barbaratsjerke foar de weropbou yn 1901-1907.

Yn 'e jierren 1901-1907 waard de tsjerke neffens in ûntwerp yn Russyske styl troch de arsjitekt Fedor Nikolajevitsj Malinovski ferfongen en op 'e nij boud. By de nijbou waarden dielen fan 'e âlde 18e-iuwske tsjerke op 'e nij brûkt, lykas de legere dielen fan 'e klokketoer. De klokketoer waard yn it nije ûntwerp ferhege fan 34 oant 46 meter.

De Barbaratsjerke is ferbûn oan in grut tal ferneamde Kazanen. De Russyske operasjonger Fjodor Sjaljapin song yn 'e jierren 1880 yn it tsjerkekoar fan 'e Barbaratsjerke. Op 2 febrewaris 1864 troude de dochter fan 'e ferneamde oriïntalist Aleksander Kassimovitsj Kasembek yn 'e tsjerke mei de soan fan 'e dichter Jevgeni Baratynski. Op 25 april 1903, doe 't de nije Barbaratsjerke al boud waard, waard de takomstige dichter Nikolai Zabolotski doopt yn 'e Barbaratsjerke en yn 1914 liet de skilder Nikolai Fetsjin syn dochter en letter Amearikaanske ballerina Ija Nikolavna Fesjina yn 'e tsjerke dope.

Sovjet-tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de ateïstyske bolsjewiken de macht yn Ruslân oernamen, publisearre de Krasnaja Tataria in negatyf artikel oer de tsjerke mei de oprop om de tsjerke foar de earetsjinst te sluten. By de tsjerke leine in pear grutte ûnderwiisynstellings en nei't studinten op gearkomsten de sluting easken, waard de Barabatsjerke op oanrikkemandaasje fan 'e NKVD neffens in beslút fan it presidium fan it Sintraal Utfierend Komitee fan 'e USSR sletten. De oan 'e tsjerke ferbûne preester Nikolai waard arrestearre en ferballe fangewegen anty-Sovjet-aktiviteiten. In âld ikoan fan 'e patroanhillige fan 'e tsjerke en in ikoan fan 'e mirre dragende froulju út de kapel mei deselde namme koene de parochianen noch op 'e tiid út de tsjerke helje.

Nei it sluten fan 'e tsjerke foar de earetsjinst krige it gebou ferskillende funksjes. Yn 'e Sovjet-tiid makke in arbeidersferieniging gebrûk fan it gebou, wie it in bioskoop en in ortopedyske wurkpleats. Sûnt 1963 makke in ôfdieling fan it Ynstitút foar Gemyske Technology fan Kazan gebrûk fan it gebou, wêrfan't it haadkantoar yn 'e buert stiet.

Weromjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur.

Yn 1994 folge de weromjefte fan it gebou oan 'e Russyske-Otterdokse Tsjerke. It ferwiderjen fan it swiere materjaal fan it laboratoarium brocht sa'n soad skea, dat in diel fan 'e flier en de fûneminten op 'e nij stoart wurde moast. De koepels en krusen fan 'e tsjerke waarden rekonstruearre en de tsjerke krige in nije ynrjochting. Op 17 desimber 1994 op 'e feestdei fan Sint-Barbara folge de fiering fan 'e earste earetsjinst yn 'e moderne skiednis fan 'e tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Святой Великомученицы Варвары (Казань)