Sint-Andréastsjerke (Kiëv)
Sint-Andreastsjerke
Андріївська церква | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
lânsdiel | ![]() | |
plak | ![]() | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1747-1754 | |
arsjitekt | Bartolomeo Rastrelli | |
boustyl | Barok | |
offisjele webside | ||
Side fan Andreastsjerke |
De Sint-Andréastsjerke (Oekraynsk: Андріївська церква; Russysk: Андреевская церковь) is in tsjerke yn ien fan de âldste dielen fan it stedssintrum fan de Oekraynske haadstêd Kiëv. De Andréastsjerke waard yn de jierren 1747-1754 neffens in ûntwerp fan de Russysk-Italjaanske arsjitekt Bartolomeo Rastrelli op de heuvel mei deselde namme boud. It is ien fan de moaiste barokke bouwurken fan it lân.
De tsjerke wurdt sûnt 2018 brûkt as de missy fan it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel yn Kiëv.
Fanwegen de bou fan de tsjerke op in heuvel krige de tsjerke yn 2012 lêst fan skuorren yn de fûneminten en foelen der stikken fan de dekoraasje fan de tsjerke nei ûnder. Om it gebou tsjin fierder ferfal te beskermjen is de heuvel fersterke en de wei dêr't de tsjerke oan stiet rekonstruearre.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op it plak fan de tsjintwurdige Andréastsjerke soe de apostel Andréas neffens de leginde in krús plante ha en dêr wytge ha dat dêr in kristlik sintrum stifte wurde soe.
De Andréastsjerke waard yn opdracht fan tsarina Elisabeth Petrovna troch de keizerlike arsjitekt Francesco Bartolomeo Rastrelli tusken 1747 en 1762 boud, de bouwer fan it Winterpaleis yn Sint-Petersburch. Likernôch tagelyk waard der noch in gebou troch de arsjitekt yn Kiëv boud, it ek yn opdracht fan de tsarina Elisabeth boude Mariïnsky-slot. Oan de dekoraasje fan de tsjerke wurken ferneamde keunsters lykas Ivan Tsjaikovsky, Ivan Visjnjakov en Aleksej Antropov. De bou stie ûnder lieding fan de russyske arsjtiekt Ivan Fjodorovitsh Mitsjûrin. Yn augustus 1767 waard de Andréastsjerke ynwijd.
De tsjerke hie gjin parochy en der waard ek gjin klokketoer tafoege om de minsken op te roppen om nei tsjerke te gean. Elisabeth ferstoar noch foar de foltôging fan de tsjerke. Nei har dea hie it hôf gjin ynteresse mear yn de Andréastsjerke en de tsjerke waard oan syn lot oerlitten. Se moast it mei jeften dwaan fan minsken dy't de tsjerke in goed hert tadroegen.
Nei de revolúsje fan 1917[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei de Russyske Revolúsje yn 1917 bleau de tsjerke oant 1932 iepen. Yn dat jier waard it gebou yn opdracht fan de Sovjetautoriteiten sletten foar de earetsjinst. In pear jier letter, yn 1935, waard de tsjerke by it Histoaryske Myseum fan Kiëv foege en sûnt 1939 hearde de tsjerke by it Ateïstyske Museum, dat yn de Sofiakatedraal ûnderbrocht wie.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke wer iepensteld foar de earetsjinst. Sûnt 1949 makke it Teologyske Seminaarje fan Kiëv gebrûk fan de ûnderbou fan de tsjerke. Yn de tsjerke waarden de reliken fan de hillige Barbara bewarre. Yn in nije anty-religieuze weach yn it lân waard it seminaarje yn 1960 sletten en efkes letter ek de tsjerke foar de earetsjinst; de reliken fan Sint-Barbara waarden doe oerbrocht nei de Voldymyrkatedraal.
It gebou krige wer in museale funksje en tusken 1974 en 1987 waard in grutte restauraasje útfierd. De restauraasje waard útfierd neffens orizjinele tekenings fan it ûntwerp, dy't ûntdutsen wiene yn de kolleksje fan it keunstmuseum Albertina yn Wenen en it gebou krige dekoraasjes werom, dy't earder ferlern gien wiene.
Tsjintwurdich gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fan 2001 oant 2016 makke de Oekrynske Autosefale Otterdokske Tsjerke gebrûk fan de Andréastsjerke. Op 18 oktober 2018 waard de tsjerke oerdroegen oan it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel as de permaninte fertsjintwurdiging yn Kiëv.
Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke stiet op in twa ferdjippings tellende ûnderbou en is 46 meter heech. It krúsfoarmige gebou hat in sintrale haadkoepel mei dêrom hinne fjouwer tuorkes dy't mei koepels bekroand binne. Kwa úterlik docht de tsjerke tinken oan de Smolny-katedraal yn Sint-Petersburch, in ûntwerp fan deselde arsjitekt. De koepels en finsters binne fersierd mei ryk listwurk yn de styl fan de Rastrelli-barok, wylst de gevels fersierd binne mei korintyske pylders.
It ynterieur fan de tsjerke is ferneamd fanwegen de houten reade ikonostaze, makke en fersierd mei bledgoud troch masters út Sint-Petersburch.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Андреевская церковь (Киев)
|