Springe nei ynhâld

Sinnekear

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sinnewende)
Sinne-opgong by Stonehenge op de simmersinnekear.

De sinnekear is it barren, dêr't de sinne, sjoen fan de ierde ôf, syn noardlikste of súdlikste plak by berikt. De bridtesirkels dêr't dizze twa utersten op lizze binne de kearkringen.

Neigeraden de sinne him yn de rjochting fan de noardlike kearkring beweecht wurde de dagen op it noardlik healrûn langer, en op it súdlik healrûn koarter. As de sinne him nei de súdlike kearkring beweegt is dat krekt oarsom. Op de dei fan de sinnekear stiet de sinne boppe de noarder- of Kreeftskearkring dan wol suder- of Stienbokskearkring stiet.

It mulpunt tusken beide sinnekearen wurdt berikt as de sinne krekt boppe de evener stiet. Op dat stuit is sprake fan in evennacht. Dei en nacht binne dan oeral op ierde like lang.

Yn it generaal is yn de stjerrekunde in sinnekear fan in planeet ien fan twa posysjes fan de planeet wêrby it flak bepaald troch it middelpunt fan de sinne en de rotaasje-as fan de planeet leadrjocht stiet op it omrinflak fan de planeet.

Midsimmer en midwinter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sinnekear dy't op it noardlik healrûn plakfynt yn de simmer, is dêr de simmersinnekear. Dat jout dêr de langste dei, midsimmer, om 21 juny hinne. Lykwols jout it yn de hjoeddeiske kalinder yn de Noard-Jeropeeske klimaten krekt it begjin oan fan de simmer. De sinnekear yn de winter, dy't op de koartste dei, midwinter, plakfynt, om 21 desimber hinne, is de wintersinnekear. Op dy dei set de winter útein.

De simmersinnekear op it noardlike healrûn is de wintersinnekear fan it súdlike healrûn, en oarsom. De datum falt net altyd krekt op de oanjûne datum; fral de wintersinnekear, dy't yn Jeropa tradisjoneel plakke waard op de langste nacht, falt yndie hast likefaak op 22 as op 21 desimber.

By de eardere minske wie it ferskynsel fan de sinnekearen faak in heul wichtich barren dat grut fierd wurde waard. By de Romeinen waard op 21 desimber de Saturnalia fierd. Dy feesten spylje ek yn ferskate moderne kultueren noch hieltyd in rol.

De wintersinnekear wurdt as feest fierd, omdat it in kearpunt ynhâldt fan it ljocht. Ien fan de gebrûken by it feest is om in protte ljocht te meitsjen, bygelyks troch kearsen, lampen en fjoeren oan te stekken. De kar foar de datum fan it krystfeest troch it Kristendom yn de westerske wrâld is basearre op dit iuwenâlde feest fan de sinnekear.

De simmersinnnekear is en wurdt fierd as it begjin fan de rispinge. De kar foar de datum fan de feestdei fan Johannes de Doper troch it Kristendom yn de westerske wrâld is basearre op dit iuwenâlde feest fan de sinnekear.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]