Sinjaal fan Botrange
Sinjaal fan Botrange Signal de Botrange | ||
berch | ||
It Sinjaal fan Botrange leit op 694 hichte, it platfoarm leit 6 meter heger op eksakt 700 meter hichte | ||
geografy | ||
lân | Belgje | |
gewest | Walloanje | |
provinsje | Luik | |
berchtme | Hege Feanen | |
koördinaten | 50° 30' 6" N 6° 5' 35" W | |
sifers | ||
hichte b. seenivo | 694 m | |
relative hichte | 119 m |
It Sinjaal fan Botrange (Frânsk: Signal de Botrange) yn 'e Hege Feanen is it heechste punt fan Belgje op 694 meter boppe seenivo. De topografyske promininsje is 119 meter. De dominânsje is 32,47 kilometer.[1] In oar heech punt yn de omjouwing is de Hohe Acht yn Dútslân, sawat 67 kilometer fan it Sinjaal fan Botrange ôf.
Yn 1804 boude de Frânske kolonel Tranchot in earste houten toer foar lânmjitkundige mjittingen. Yn 1899 waard dy troch de Dútsers ferfongen mei in houten toer fan 30 meter heech om de grins mei Belgje mei te beskermjen. De toer ferdwûn yn 1925 om yn 1934 plak te meitsjen foar it hjoeddeistige kompleks.
Nei de Earste Wrâldoarloch waard Botrange yn 'e gemeente Weismes Belgysk grûngebiet en ûnderdiel fan 'e Eastkantons. Foar dy tiid wie de barokke Michel-grinspost it heechste punt yn Belgje. Kening Albert I hie syn nije grûngebiet fuortendaliks yn kaart brocht. Om dat ûndersykswurk mooglik te meitsjen, boude de militêre gûverneur Herman Baltia yn 1923 op it heechste plak, in sinjaal lykas it yn geografyske termen hjit, in 6 meter hege konstruksje, tagonklik fia in trep (sjoch foto). Sa kaam Belgje op 'e magyske hichte fan 700 meter.
Yn 2010 wie der in koarte diskusje oer de Weisse Stein yn Mürringen, dy't it heechste punt fan Belgje wêze soe om't Google Earth in wearde fan 701 meter oanjoech. De NGI hat op it plak sels fêststeld dat de Weisse Stein in maksimumhichte fan 693,3 m boppe seenivo hat. Der is in ferskil om't Google Earth in leger referinsjepunt brûkt.
Yn de buert is it Botrange Nature Park Center dat diel útmakket fan it Natuurpark Hoge Venen-Eifel.
Toer mei radio-antenne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De punt fan de yn 1933/34 boude toer fan François Fagnoul út Ovivat hie oant de Twadde Wrâldoarloch (1939-1945) in waarflagge mei de namme SICCO CAMPO - op in drûch plak. Hjoed-de-dei wurdt de toer brûkt foar de antenne fan Radio Contact, it heechste punt leit by 718 meter boppe seenivo.
Yn novimber 2013 waard it beslút nommen om op de Botrange in nije, 50 meter hege toer del te setten om it dataferkear mei in strielferbining tusken de beursen fan Londen en Frankfurt am Main te ferbeterjen. Sa'n ferbining is in bytsje flugger as it dataferkear fia satellyt of glêsfeselkabel, wat foar de beursen in grut ferskil útmakket. De datatransfer sil tenei oer it Tuskenstasjon Botrange, dat direkt njonken de besteande toer boud wurde sil.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |