Springe nei ynhâld

Single White Female (album)

Ut Wikipedy
Single White Female
algemiene ynformaasje
artyst Chely Wright
taal Ingelsk
sjenre countrymuzyk
útbrocht 18 maaie 1999
opnommen jannewaris 1999
doer 38:33 min.
label MCA Nashville
produsint Tony Brown, Buddy Cannon,
Norro Wilson
resultaten
ferkocht >500.000
albumlisten nû. 15 yn de Feriene Steaten
nû. 16 yn Kanada
sertifisearre (goud)
albumgronology fan Chely Wright
Let Me In
(1997)
  Single White Female
(1999)
  Never Love You Enough
(2001)

Single White Female (letterlik: "Allinnichsteande Blanke Frou") is it fjirde studio-album fan 'e Amerikaanske countrysjongster Chely Wright, dat op 18 maaie 1999 útbrocht waard by platemaatskippij MCA Nashville. Produsinten wiene Tony Brown, Buddy Cannon en Norro Wilson. Single White Woman waard yn jannewaris 1999 opnommen yn Nashville (Tennessee). It album omfettet tsien lieten en hat in doer fan 38:33 minuten. It berikte it 15e plak yn 'e Amerikaanske Billboard Top Country Albums, en it 124e plak yn 'e (algemiene) Billboard 200-albumlist. Yn 'e Kanadeeske RPM Top Country Albums/CD's berikte Single White Female it 16e plak. Fan it album waarden allinnich al yn 'e Feriene Steaten mear as 500.000 eksimplaren ferkocht, en it waard as gouden plaat sertifisearre troch de Recording Industry Association of America (RIAA).

nû. titel skriuwers doer opmerkings
1. Single White Female Carolyn Dawn Johnson en Shaye Smith 3:17 single, 1999; nom. foar in ACM Award foar bêste fideoklip
1. She Went Out for Cigarettes Ronnie Guilbeau, John McElroy 4:13 single, 2000
1. It Was Gary Burr, Mark Wright 3:51 single, 1999
1. Unknown Gary Burr, Aimee Mayo 3:40
1. The Love That We Lost Gary Burr, Monty Powell 4:02
1. The Fire Clarence Satchell, Leslie Satcher 3:05
1. Picket Fences Chely Wright 4:06
1. Some Kind of Somethin’ Sunny Russ, Chely Wright 3:59
1. Rubbin' It In Chad Smith 3:44
1. Why Do I Still Want You Clarence Satcher, Leslie Satcher 4:39

Fan Single White Female waarden trije singles útbrocht. De earste dêrfan wie de titelsong Single White Female, dy't yn maart 1999 ferskynde. Dat nûmer waard Wright har earste top 10-hit en har iennichste liet dat ea it earste plak berikt hat, sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada. De twadde single fan it album Single White Female wie It Was, dat yn septimber 1999 útbrocht waard en yn 'e Feriene Steaten stykjen bleau op plak 11 en yn Kanada net fierder kaam as plak 52. She Went Out for Cigarettes wie de trêde en lêste single, dy't yn maaie 2000 ferskynde en yn 'e Feriene Steaten plak 49 en yn Kanada plak 84 berikte.

Single White Female waard oer it generaal geunstich ûntfongen troch de kritisy. Rick Teverbaugh fan 'e Country Standard Time neamde it "folwoeksener" en "betochtsumer" as Wright har eardere wurk. De resinsje fan About.com omfieme sawol positive as negative eleminten, mar konkludearre dat it album in ynnimlike samling lieten wie dy't benammen oer gefoelens giene. Stephen Thomas Erlewine fan Allmusic joech Single White Female fjouwer (fan fiif) stjerren, en stelde dat de measte lieten net daliks ynslane as in bom, mar dochs wol yn it ûnthâld hingjen bliuwe. Ofslutend neamde er it album in "wolkomme tafoeging" oan Wright har muzykoeuvre.

Meiwurkjende muzikanten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.