Springe nei ynhâld

Silas (bibelsk persoan)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Silas (apostel))
Paulus en Silas wurde finzen holden (tegel út de twadde helte fan de 18e iuw - Museum Rotterdam)

Silas (Gryksk: Σιλᾶς), ek: Silvanus (Σιλουανός), wurdt yn it Nije Testamint neamd as meiwurker fan de apostels Paulus en nei alle gedachten ek fan Petrus. Hy libbe yn de 1e iuw nei Kristus.

Silas wie in ta it kristendom bekearde joad en reizge mei Paulus fan Jeruzalim nei Antiochje, om de gemeente dêr te ynformearjen oer de besluten dy't troch it apostelkonsylje yn Jeruzalim nommen wiene. Nei in skoftke kaam er werom nei Jeruzalim, mar nei't Paulus dêr spul krige mei Barnabas waard hy troch Paulus meinommen op in twadde missyreis. Yn Filippy waarden hja beskuldige fan it opkringjen fan in frjemde libbenswize en foar koarte tiid finzen nommen. In ierdskodding die lykwols harren boeiens brekke en de traaljewurk fan de sel iepenje. Dêrom wurdt Silas ek yn de iconografy fakentiden ôfbylde mei brutsen keatlings.

Tegearre mei Timotéus, in bekearde Gryk, reizgen Paulus en Silas dêrnei fierder nei Tessaloníka. Paulus preke dêr yn de synagoge en wist Joaden en Griken oan him te binen, mar guon Joaden koene dat net sette en mei help fan min folk feroarsaken hja in opskuor sa wiene Paulus en Silas twongen fierder te reizgjen nei Beréa. Dêr mochten de minsken mar wat graach harkje nei Paulus preken yn de synagoge. In soad minsken, Joaden en Griken, kamen hjir ta it leauwen, mar doe't de Joaden yn Tessaloníka der fan hearden dat Paulus syn wurk yn it Masedoanyske Beréa (it tsjintwurdige Veria) mei súkses fuortsette, teagen hja dêr hinne om ek dêr it folk op te setten tsjin Paulus. En sa kaam it dat Paulus him ôfjaan moast. Wylst Silas en Timotéus ynearsten noch yn Beréa bleaune, gyng Paulus nei Athene, dêr't hy ynearsten op syn maten wachtsjen bleau. Hja kamen inoar wer tsjin yn Korinte.

Hoe't it letter Silas fergyng is dreech nei te gean. Yn de Earste Brief fan Petrus wurdt in Silvanus (de Latynske namme fan Silas) as klerk neamd, dy't de brief foar Petrus opskreaun hawwe soe. As de brief yndied troch Petrus diktearre is en dizze Silvanus deselde is as Silas, dan soe dat betsjutte dat Silas ek foar Petrus wurke hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: