Sieds Lykles

Ut Wikipedy
Sieds Lykles, 1902

Sieds Lykles (Ferwerderadiel, 14 maaie 1858 - Amsterdam, 25 april 1913) wie in Nederlânsk ofsier fan sûnens (dokter), direkteur fan it gesticht yn Lawang op East-Java (Nederlânsk-Ynje) en genêshear-direkteur fan it Gasthuis voor Vallende Ziekten yn Amsterdam.

Nederlânsk-Ynje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykles waard oplaat ta offisier fan sûnens en tsjinne yn it Keninklik Nederlânsk-Ynjysk Leger oant er 1883 troch dokter Bauer, direkteur fan it gesticht yn Buitenzorg, as ûnderdirekteur oannaam waard. Dêrnei waard er earste direkteur fan it ferbetteringsgesticht yn Soerabaya; 1898 waard útein set mei de bou fan in grut nij gesticht (hielendal neffens oanwizings fan Lykles) yn Porrong, tichteby Lawang (yn it plak fan de boppe neamde ynrjochtingen). Dêr wie plak foar 450 ynlanners en 110 Europeanen; tichteby wie ek in koloanje, dêr't pasjinten wennen, dy't noch tafersjoch nedich hiene, dy't frije ferpleging krigen en dy't oan it wurk koene by in lânboubedriuw dat ta de ynrjochting hearde. Lykles waard 10 july 1902 direkteur; 1906 gier er werom nei Nederlân.

Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykles waard 1909 genêshear-direkteur fan it Gasthuis voor Vallende Ziekten oan de Overtoom yn Amsterdam en beneamd ta ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 1902. C.A.A Dudok de Wit. Het nieuwe krankzinnigengesticht te Lawang en zijn omgeving. Eigen Haard. S. 696-698.
  • 1913. Dr S. Lykles. Eigen Haard. Nr. 19.