Siebrand Krul
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Siebrand Krul (De Knipe, 1955) studearre skiednis yn Grins. Hy wurke fan ein 1990 oant 2011 by Utjouwerij Waanders yn Swol as koördinator/redakteur (histoaryske) boeken.
Hy is sûnt simmer 2010 haadredakteur fan it Histoarysk Tydskrift Fryslân fan it Keninklik Frysk Genoatskip. Ek is hy haadredakteur fan it Nederlânsk-Flaamske skiednistydskrift G-Geschiedenis.