Shillelagh (kneppel)
In shillelagh (útspr.: [ʃᵻ'le:li], likernôch: "sjuh-lee-ly") is in tradisjoneel soarte fan kneppel út Ierlân. De namme is in Ingelske ferbastering fan it Ierske sail éille (útspr.: [salʲ 'e:lʲə], likernôch: "saljeelje"), dat safolle as "fan in rym foarsjoene wylch" betsjut. Dit slachwapen sjocht derút as in stevige knobbige stôk mei in grutte knop oan ien útein. De lingte rint útinoar fan in sa'n 30 sm oant like lang as in gongelstôk. De shillelagh is sterk ferbûn mei de Ierske folkloare.
Shillelaghs wurde tradisjoneel makke fan tûken fan 'e krikelbeam (Prunus spinosa), of ek wol fan 'e iik (Quercus robur). Foarhinne waard meast hout brûkt dat wûn wie út 'e woartels fan sokke beammen, om't dat by gebrûk net gau spjalte. It hout waard ynsmard mei bûter of fet en dan yn 'e skoarstien hongen om drûge te wurden. Dêrtroch krige it wapen syn karakteristike swarte glânzgjende oansjen. Soms waard de knop, dy't brûkt waard om mei ta te huffen, útholle en foldien mei raand lead; sokke wapens steane bekend as "laden shillelaghs".
De shillelagh waard as wapen brûkt om mei op in tsjinstanner yn te huffen mei de swiere knop. Dêrnjonken koed er ek ynset wurde om slaggen fan tsjinstanners mei te parearjen en om in tsjinstanner te ûntwapenjen. In protte shillelaghs binne foarsjoen fan in rym of lus, dy't de brûker om syn pols dwaan kin, sadat it wapen him net út 'e hân glûpe of skuord wurde kin.
Oarspronklik wie de shillelagh yn Ierlân it gebrûklike wapen om mieningferskillen tusken hearen mei te besljochtsjen, op inselde wize sa't duëls mei pistoalen of swurden dy funksje yn oare lannen ferfollen. Hjoed de dei wurdt it gebrûk fan 'e shillelagh oanleard as in foarm fan selsferdigening troch de beoefeners fan 'e Ierske fjochtsport betaireacht. Yn it Britske Leger drage ofsieren fan 'e Ierske Garde en it Keninklik Iersk Rezjimint shillelaghs makke fan krikelhout. Nei de shillelagh is ek in anty-rankraket ferneamd, de MGM-15 Shillelagh.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|