Shane MacGowan

Ut Wikipedy
Shane MacGowan
sjonger en/of muzikant
Shane MacGowan (1991)
Shane MacGowan (1991)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Shane Patrick Lysaght MacGowan
nasjonaliteit Iersk
berne 25 desimber 1957
berteplak Pembury Flagge fan Ingelân, yn Grut-Brittanje
stoarn 30 novimber 2023
stjerplak Dublin
wurkpaad
sjenre Punk
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Fairytale of New York
jierren aktyf 1977-2023

Shane Patrick Lysaght MacGowan (Pembury, 25 desimber 1957Dublin, 30 novimber 2023) wie in Iersk sjonger. Hy waard benammen bekend fan de band The Pogues.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn syn jonge jierren ynspirearren de Sex Pistols Shane MacGowan om syn earste eigen band te begjinnen: The Nipple Erectors, koartwei The Nips. Yn 1976 krige er efkes nasjonale bekendheid, doe't er by in konsert fan de doetiids krekt oprjochte band The Clash hurd yn syn ear biten waard troch Jane Crockford, ien fan de lettere leden fan The Mo-dettes. Yn 1984 rjochte er tegearre mei in part fan syn âlde bandleden fan The Nips in nije band op, The Pogues, dêr't er yn de jierren dêrnei in stik mear bekendheid mei krige.

MacGowan wie in oertsjûge foarstanner fan it rekreatyf brûken fan drugs, en ek alkohol, al wie er wol uterst kritysk oangeande heroïne, it iennige genotsmiddel dêr 't er nei eigen sizzen " in probleem " mei hân hat. Mei troch tadwaan fan Sinéad O'Connor, dy't him oanjoech by de plysje yn in besykjen om him fan de heroïne ôf te helpen, rekke er dêrfan ôfkickt.

Shanes oermjittich alkoholgebrûk wie ien fan de wichtichste redenen fan syn ûnfrijwillich opstappen by The Pogues begjin jierren njoggentich. Hy rjochte dêrop in nije band op, Shane MacGowan and The Popes, wêrmei 't er yn 1995 op Pinkpop optrede. Dat optreden ferrûn lykwols net goed, MacGowan moast noch foardat alle nûmers spile wiene fan it poadium helle wurde.

Sûnt 2001 joegen The Pogues ynklusyf MacGowan wer konserten. Neffens syn libbenspartner Victoria Mary Clarke wie syn alkoholferslaving wis noch net foarby, mar dronk er wol minder. By in optreden yn it Olympia Theatre yn Dublin yn septimber 2002 poadium stie er te koarjen op it poadium.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shane MacGowan waard yn it Ingelske graafskip Kent berne, as soan fan Ierske ymmigranten, berne. MacGowan hie in lange skiednis fan drankswietens, en hy wie jierrenlang in mear as stevige drinker. Yn desimber 2022 waard MacGowan yn it sikenhûs opnaam mei in in ûntstekking fan it harsenweefsel, Shane MacGowan ferstoar op 30 novimber 2023, yn 'e âldens fan 65 jier nei in lang siikwezen.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Band Single(s)
Red Roses for Me 15 oktober 1984 The Pogues Dark Streets of London,
Boys from the County Hell
Rum Sodomy & the Lash 5 augustus 1985 A Pair of Brown Eyes,
Sally MacLennane,
Dirty Old Town
If I Should Fall from Grace with God 18 jannewaris 1988 Fairytale of New York (mei Kirsty MacColl),
If I Should Fall from Grace with God,
Fiesta
Peace and Love july 1989 Misty Morning, Albert Bridge,
White City,
Lorelei
Hell's Ditch 1 oktober 1990 Summer in Siam,
Sayonara
The Snake 1994 Shane MacGowan and the Popes
The Crock of Gold 1997

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy NL