Springe nei ynhâld

Severodonetsk

Ut Wikipedy
Severodonetsk
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Oekraïne Oekraïne
oblast Lûhansk
Sifers
Ynwennertal99.067 (2022)
Oerflak42,1 km²
Hichte51 m
Oar
Stifting1934
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten48° 56' N 38° 26' E
Offisjele webside
www.sed-rada.gov.ua
Kaart
Severodonetsk (Oekraïne)
Severodonetsk

Severodonetsk (Oekraynsk: Сіверськодонецьк, Russysk: Северодонецк) is in stêd yn 'e Oekraynske oblast Lûhansk. Grutte stêden yn 'e omkriten binne Lysytsjansk en Rûbizjne.

It plak ûntstie yn 1934 om it gemyske fabryk Azot, noch jimmeroan de grutste wurkjouwer yn 'e kontreien. De stêd leit oan 'e rivier Severski Donets, dêr't de stêd yn 1950 nei ferneamd waard. Foar 1950 wie de namme fan it plak Lischimstroj.

Nei it ôfsetten fan 'e sittende pro-Russyske Oekraynske president Viktor Janûkovitsj op 22 febrewaris 2014 en der nije presidentsferkiezingen waarden útskreaun, ûnstie op 12 april dat jier de oarloch yn 'e Donbas, dêr't in grutte Russyske minderheid wennet. Yn maaie waard Severodonetsk ynnommen troch in 1.000 man sterke separatistyske beweging. Tagelyk mei de ôfsetting fan Viktor Janûkovitsj waarden betidere presidentsferkiezingen útskreaun op 25 maaie 2014, mar dy waarden yn Severodonetsk net holden, om't de separatisten de stêd op dat stuit al yn hannen hiene.

Op 22 july 2014 oermasteren Oekraynske troepen nei in fûle striid de stêd op 'e separatisten werom. Sûnt de stêd Lûhansk oan it begjin fan it konflikt yn 'e Donbas al yn hannen foel fan separatistyske troepen, tsjinne Severodonetsk tusken 2014 en 2022 as it bestjoerlike sintrum fan 'e oblast Lûhansk.

Russyske ynfaazje 2022

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Russyske oanfal op it sintrum fan de stêd (30 maaie 2022)

Nei de Russyske ynfaazje yn 2022 waard de stêd swier ûnder fjoer nommen troch Russyske troepen en wie it de frontstêd yn 'e Slach om 'e Donbas, sadat grutte dielen fan 'e stêd fernield waarden, ynklúsuf wenwiken. Op 25 juny 2022 waard de stêd folslein oarmastere troch Russyske en separatistyske troepen. Sûnt dy tiid is de stêd beset en wurdt de stêd bestjoerd troch Ruslân.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier1939195919701975199120092023
Ynwenners5.00033.20090.000107.000131.000121.00032.000

De etnisiteit fan 'e stêd neffens de Oekraynske folkstelling fan 2001:

  • Oekraïners: 59%
  • Russen: 38.7%
  • Wyt-Russen: 0.6%
  • Oars: 1.7%

Tegearre mei de oanbuorjende plakken foarmet Severodonetsk in stêdekloft mei in soad gemyske yndustry. Severodonetsk Azot is de grutste chemyske ûndernimming fan Oekraïne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Sievierodonetsk