Springe nei ynhâld

Sevanavank

Ut Wikipedy
Sevanavank

Սևանավանք

bouwurk
lokaasje
lân Armeenje
Provinsje Gegharkunik
plak net fier fan de stêd Sevan
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 9e iuw

Sevanavank (Armeensk: Սևանավանք; Sevan Kleaster) is in kleasterkompleks op in skiereilân oan de noardwestlike kust fan de Mar fan Sevan yn de provinsje Gegharkunik fan Armeenje, net fier fan de stêd Sevan. Oarspronklik stie it kleaster oan de súdlike kust op in lyts eilân mar troch it keunstmjittich ôfwetterjen fan de mar yn 'e tiid fan de Jozef Stalin sakke it wetternivo sa'n 20 meter en waard it eilân in skiereilân. Oan de súdlike kust fan it nije skiereilân waard in hotel fan it Armeenske Skriuwersbûn boud, de eastlike kant wurdt beset troch de simmerresidinsje fan de presidint, wylst it noch altiten aktive seminaarje ferhûze nei nije gebouwen oan de noardlike kant fan it skiereilân.

It kleaster is net mear bewenne en fan de muorren stiet noch mar in diel oerein. De tsjerken wurde lykwols noch in soad besocht troch pylgers en toeristen.

Fanwegen de ferbining mei it fêstelân, in goede rykswei, in spoarferbining mei de Armeenske haadsstêd Jerevan, in goede toeristyske ynfrastruktuer yn detichteby lizzende stêd Sevan en de moaie lokaasje is Sevanavank ien fan de meast besochte toeristyske lokaasjes fan it lân.

It kleaster yn 1869

Neffens in ynskripsje yn ien fan de tsjerken waard it kleaster yn 874 stifte troch prinses Mariam, de dochter fan Ashot I (dy't tsien jier letter kening waard). Yn dy tiid besocht Armeenje himsels noch hieltiten te befrijdzjen fan it jûk fan de Arabieren.

It wie in strikt kleaster en ornearre foar muontsen fan Etchmiadzin dy't sûndige hiene. Jean-Marie Chopin, in Frânske ûntdekkingsreizger fan de Kaukasus, besocht it kleaster yn 1830 en skrea oer in rezjym sûnder fleis, wyn, jongerein en froulju. In oare ûntdekkingsreizger besocht Sevanavank yn 1850 en beskreau hoe't manuskripten noch altiten mei de hân waarden oerskreaun.

De twa tsjerken fan it kleasterkompleks, wijd oan de Surp Arakelots (Hillige Apostels) en de Surp Astvatsatsin (Hillige Mem fan God), binne krúsfoarmige gebouwen mei in sintrale achthoekige toer. De tsjerken hawwe in soad fan inoar. Oan de tsjerke grinzgjend leit de ruïne fan de gavit, in Armeenske narteks. It dak dêrfan waard droegen troch seis houten pylders. Resten fan de gavit en de pylders binne hjoeddedei yn it Histoarysk Museum fan Jerevan te sjen.

It kompleks waard yn de jierren 1956-1957 restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Sevanavank