Sebald Justinus Brugmans
Sebald Justinus Brugmans (Frjentsjer, 24 maart 1763 - Leien, 22 july 1819) wie in Fryske dokter, botanikus en heechlearaar yn mear as ien natuerwittenskippen. Hy wie de soan fan Antonius Brugmans, heechlearaar yn meardere wittenskippen.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brugmans studearre oan de Universiteit fan Grins, dêr't er syn doktoraten yn de medisinen en filosofy helle, en ôfstudearre yn de frije keunsten. Yn 1785 waard er professor yn de fysika en wiskunde oan de Universiteit fan Frjentsjer en yn 1786 folge er David van Royen (1727-1799) op as professor yn de botanika oan de Universiteit fan Leien, dêr't er ek direkteur (praefectus horti) fan de Hortus Botanikus waard, dy't ûnder syn bewâld ek tige útwreide waard. By de hortus wurke er gear mei hortulanus Nicolaas Meerburgh, syn rjochterhân.
Yn 1795 waard Brugmans beneamd as professor yn de genêskunde yn Leiden nei't er himsels foar de funksje oanbean hie. Dat jier waard er ek haad fan it 'Geneeskundig Bureau der Bataafsche Republiek' fan de nij stichte Bataafske Republyk. Yn 1811 waard er beneamd as Ynspekteur-Generaal fan de Frânske Keizerlike Sûnenstsjinst en krewearre er foar de medyske fakulteiten en de ferbettering fan de libbensomstannichheden fan de militêren. Troch de klam dy't er lei op hygiëne wist er epidemyske syktes en gangreen súksesfol te bestriden. Wat dat oanbelanget kin er as foargonger fan Ignaz Semmelweis sjoen wurde.
Brugmans hie noch folle mear funksjes; sa wie er liifdokter fan kening Lodewijk Napoleon Bonaparte, lid fan 23 genoatskippen en foarsitter fan de keunstakademy Leien. Op 4 maaie 1808 waard er installearre as lid fan it Koninklijk Instituut van Wetenschappen, Letterkunde en Schoone Kunsten. Ek wie er ien fan de gearstallers fan de Pharmacopoea Batava, it earste Nederlânske resepteboek foar aptekers. Teffens wie er adviseur fan de oerheid wat feeartsenijkundig ûnderwiis en -ûndersyk oanbelange. Tusken 1806 en 1809 wie er lid fan de Steatsried.
Brugmans wie ek fûl samler fan natuerlike preparaten sa as minskeherten, soldateplassen mei wûnen (dizze waarden him tastjoerd troch dokters, dy't er earst oplaat hie en yn it leger fan Napoleon Bonaparte tsjinnen, nei de Slach by Waterloo), hoarnen, hûden, bonken, dierlike skeletten en anatomyske ferfoarmingen sa as oanberne ôfwikings. Dy binne hjoed de dei noch te sjen yn Museum Boerhaave.
Der is in portret fan Brugmans bewarre bleaun dat skildere is troch Charles Howard Hodges. It plantegeslacht Brugmansia is troch Christiaan Hendrik Persoon nei him neamd.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Leidse Hortus, een botanische erfenis; W.K.H. Karstens & H. Kleibrink; Waanders, 1982; ISBN 90-70072-92-0
- Sebald Justinus Brugmans’ strijd tegen de hospitaalversterving; Teun van Heiningen; yn Gewina: 2003; 26 (4): 216-33.
- La carriere de Sebald Justinus Brugmans (1763-1819) dans le Service de sante militaire; T.W. van Heiningen; yn: Histoire des Sciences Médicales, 2004, volume 38; nûmer 3, siden 275-304
- “Lofrede op Sebaldus Justinus Brugmans”; H.C. Van der Boon Mesch; in: Werken der Hollandsche Maatschappij van Fraaije Kunsten en Wetenschappen, diel 7, Leiden, 1825, s.336.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Elenchus plantarum, quae in Horto lugduno-batavo coluntur; Sebald Justinus Brugmans; Google Books; online ferzje hjir
- Sebald Justinus Brugmans (1763-1819), Overal professor in; Hans de Jonge; Yn: lustrumnûmer 31 Mare; online ferzje hjir
- Prof.Dr. S.J. Brugmans, Parlement & Politiek, online ferzje hjir
- Levensbericht van Sebald Justinus Brugmans; Handelingen van de jaarlijksche vergadering der Maatschappij van Nederlandsche Letterkunde te Leyden; online ferzje hjir
- Het vergeten Fenomeen: Sebald J. Brugmans (1763-1819), Verzamelaar tussen koning, keizer en universiteit; Musea en tentoonstellingen; yn: Nieuwsbrief Universiteitsgeschiedenis; online ferzje hjir
- Sebald Justinus Brugmans, Museum Boerhaave, online ferzje hjir
- Side fan Sebald Justinus Brugmans by de Keninklike Nederlandse Akademy fan Wittenskippen
- Side fan Sebald Justinus Brugmans by de Digitale bibliotheek voor de Nederlandse letteren (DBNL)
- Frysk dokter
- Frysk botanikus
- Frysk natuerkundige
- Frysk wiskundige
- Frysk heechlearaar
- Nederlânsk dokter
- Nederlânsk botanikus
- Nederlânsk natuerkundige
- Nederlânsk wiskundige
- Nederlânsk heechlearaar
- Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Frjentsjer
- Persoan berne yn 1763
- Persoan stoarn yn 1819