Schonenburgstate
Schonenburgstate (mooglik ek: Jeltingastate) wie in state beëasten Kollum. Fan de state is neat werom te finen.
Yn 1883 skriuwt Andreae dat it stee fan de state noch werom te kenen is oan de doe oanwêzige grêften en singels. Op dy singel stie in arbeidershûs dat as Schonenburg bekend stie. Hy neamt it frjemd dat dizze oarspronklike namme by de befolking yn gebrûk bleaun is wylst it hûs letter Jeltingastate neamd waard.
Mids sechtjinde iuw moat de state eigendom west hawwe fan Sebastiaan fan Schonenburg, fan 1536 - 1558 (substitút) grytman fan Kollumerlân en nammejouwer fan de state. Mooglik kaam it hûs troch fererving fan de family fan syn frou Ath fan Herema. Yn 1558 is der sprake fan “’t Huijs van Joncker Sebastiaen” wêrmei't Schonenburghûs yn it doarp bedoeld wêze kin ofwol Schonenburgstate.
Soan Marten fan Schonenburg en syn frou Eelck fan Heemstra erfden nei alle gedachten de state, mar bewennen letter it hûs yn it doarp. Hy komt alteast yn 1579 foar as ynwenner fan Kollum. Trije jier letter waard hy grytman fan Dantumadiel. Marten en Eelck hienen twa dochters, Atke en Lucia. Atke troude mei Carel fan Esserden út Gelderlân en Lucia mei Aemilius Uten Engh dy't yn Utert wenne. Se ferkochten de state oan buorman Gatze fan Jeltinga dy't op Riddersmastate wenne. Syn soan Duco fan Jeltinga komt yn 1616 foar as tsjerkefâd yn Kollum en wenne mei syn frou Catharina fan Wigara yn 1642 sa goed as seker op Schonenburg.
Nei de dea fan Duco is de state eigendom fan syn soan Otto fan Jeltinga. Mooglik hat hy it neistlizzende Riddersma kocht fan syn nicht Juliana fan Jeltinga en de beide states gearfoege. Neffens Andreae soe nei de gearfoeging Riddersmastate ôfbrutsen wêze wylst Schonenburg/Jeltingastate bewenne bleaun wêze soe. Ut 1711 datearret lykwols de fermelding “Riddersmastate oft nu Jeltinga-slot genaemt”. Dit soe ynhâlde kinne dat Andreae it mis hie en dat Schonenburg ôfbrutsen is en net Riddersma.
- Bewenners
- 1536 – 1558 Sebastiaan fan Schonenburg
- Marten fan Schonenburg
- Gatze fan Jeltinga
- 1642 Duco fan Jeltinga
- Otto fan Jeltinga
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|