Savanne-oaljefant

Ut Wikipedy
Savanne-oaljefanten.

De Savanne-oaljefant (Loxodonta africana) is in soarte yn it skaai fan de Afrikaanske Oaljefanten. It is de grutste soarte út it skaai, en de bisten fan dizze soarte binne de grutste lânbisten op Ierde.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 2001 wie de soarte Loxodonta africana de Afrikaanske Oaljefant, mei de twa ûndersoarten, de Savanne-oaljefant, Loxodonta africana africana en de Boskoaljefant Loxodonta africana cyclotis. Dat jier die lykwols bliken dat de twa ûndersorten net neier besibbe wienen as de Tiger oan de Liuw, dat de soarte waard opdield yn Loxodonta africana en Loxodonta cyclotis.