Savana Ginger

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Savana Ginger
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Savana ginger.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Gina Ginger, Geena Ginger,
Savannah Ginger
echte namme Marisol Pendas
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 27 febrewaris 1984
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Cuba.svg Kubaansk
Flag of Spain.svg Spaansk
Flag of the American Indian Movement.svg Yndiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
pornoaktrise
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
gjint

Savana Ginger, echte namme: Marisol Pendas (Los Angeles, 27 febrewaris 1984), is in Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel en pornografysk aktrise fan mingd Kubaansk-Spaansk-Yndiaansk etnysk komôf. Yn it begjin fan har karriêre hat hja ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Gina Ginger en Geena Ginger, wylst har úteinlike skûlnamme ek wol misstavere wurdt as Savannah Ginger.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Savana Ginger waard yn 1984 berne yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, as de (net ienaaiïge) twillingsuster fan pornostjer Havana Ginger. Yn neifolging fan har suster makke hja yn 2006 har debút yn in pornografyske film, doe't hja 22 jier wie.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Savana Ginger sûnt yn likernôch 16 ûnderskate films spile, û.m. foar it foaroansteande label Devil's Film, mar faker foar ûnbekendere studio's, wêrûnder Platinum X Pictures en Black Ice. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Porn.com. Foar de site SisterReunion.com naam se in sêne op wêryn't se tegearre mei har twillingsuster Havana en in manlike akteur spile.

Njonken har aktearwurk is Savana Ginger ek aktyf as neakenmodel, en hat se foar ferskate neakenblêden posearre, wylst se as fetysjmodel yn guon bondaazjefilms fan 'e studio FM Concepts spile hat. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 61 kg. Har boarsten, mei kupmaat 34DD, binne natuerlik en falle op troch de grutte spienhôven. Savana Ginger hat fierders ferskate tattoeaazjes, wêrûnder grutten op har lofterskouder en op har rjochterankel.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: