Springe nei ynhâld

Saranti

Ut Wikipedy
Saranti (2009)
Saranti (2009)

Saranti is in jeugdsirkus út Ljouwert, oprjochte yn 1959. It is as ien fan de âldste jeugdsirkussen yn Europa ûntstien yn gearwurking mei de Ljouwerter boarterstúnferiening It Westen. De feriening is neamd nei Saranti, in âld famylljespul, dat kado eartiids kado jûn waard troch ien fan de sparbanken.

Inisjatyfnimmer wie de hear Akker, in militêr mei in lange sirkuseftergrûn. It jeugdsirkus hâldt publyksfoarstellings foar klanten en opdrachtjouwers. Yn de begjinjierren waard oefene en treend yn in buerthûs. Letter kaam in oefenromte, de 'Residinsje' oan de Goudenregenstrjitte tusken nûmer 49-51. By de oprjochting moasten bern in jier stâlfeint wêze, dat is letter feroare. Der is in artistyk lieder en twa treners (âld-artysten) 4 helptreners (ek âld-artysten) en soms wurdt help frege foar dûns of eat dat aardich is foar de show. Lange tiid bestie ek in feriening ‘Freoneclub fan Saranti’, oprjochte yn 1986 om Saranti te ûndersteunen en om it kontakt tusken âld-artysten, -meiwurkers en -bestjoersleden te ûnderhâlden. Neist it bestjoer bestiet de feriening út frijwilligers.

Nei in opliedingstiid wurde nije leden ien fan de âldste sirkussen fan Europa. Bern fan 7 oant achttjin jier wurde sa gau mooglik by de show belutsen. Dat kin mei jonglearen, balansearjen op kûgels, koardrinnen, ientsjillers beride, mar ek clowns en akrobatyk steane op it programma.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: