Sarah Leonard (sjongster)
Sarah Leonard (Winchester, 10 april 1953) is in Ingelske sopraan, ferneamd fan har fertolkings fan klassike muzyk fan dizze tiid, ûnder oaren fan komponisten lykas Harrison Birtwhistle, Pierre Boulez en Michael Nyman.
Sy studuearre oan de Guildhall School of Music and Drama. Dêrnei kaam hja by de BBC Singers en it Endymion Ensemble. [1] Sy makke har debút yn La Scala yn Milaan, yn 1989 mei de premiêre fan Dr Foustus fan Giacomo Manzoni. [2]
Sarah Leonard jout les oan de Universiteit fan Hull en de Central School of Speech and Drama. Sy is lid fan de Association of Teachers of Singing, de British Voice Association en ek fan it kommittee member fan de Association of English Singers and Speakers.
Jannewaris 2013 krige hja in earedoktoraat (Honorary Doctor of Music) oan de Universiteit fan Hull. [3]
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1992 - My Heart Is Like a Singing Bird, Pickwick
- 1994 - Dweller in My Deathless Dreams: An Anthology, United Recordings
- 1997 - Morton Feldman: Neither, Hatnow / Hat Hut…
- 1997 - The Music Tree: Solo Songs by Betty Roe, SOMM
- 1998 - A Century of English Song, Vol. 1, SOMM
- 1999 - A century of English Song, Vol. 2, SOMM
- 1999 - When the Heart is Young: A Recital of Songs by Franz Lehar, Beulah
- 2001 - A Century of English Song, Vol. 3, SOMM
- 2002 - Alistair Hinton: String Quintet, Altarus
- 2006 - Joseph Marx: Lieder, Altarus
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |