Sappemastate
Sappemastate, ek:Sappema huys en Sappemahûs wie in eardere stins en letter state dy't east fan Feankleaster stien hawwe moat, noard fan de Keningswei. Fan de state is neat mear werom te finen.
Yn 1467 hearde Bennert Sappema ta de Kollumerlânske haadlingen dy't it net iens wienen mei it ferdrach dat mei Grins sluten wie. Yn 1493 wenne yn Aldwâld in Sypt of Sybet Sappema, mooglik in soan fan Bennert. In lettere Bennert op “Sappama huys” te Aldwâld (frij wis in pakesizzer fan Bennert sr.) wurdt neamd as “Volmachtich van Oldtwolde, Colmerswaeg ende Westergeest” foar de Lândei op 22 septimber 1542. Hy wie troud mei Saes Hetsma dy't yn 1560 as syn widdo foarkomt. In pear jier letter wurde Rein en Jilt Sappema (bruorren) en Sybet Sappema neamd, wêrfan Jilt yn 1572 te Feankleaster wenne en dus frij seker op de state. Hy en syn frou Eelck Oenthyama hienen mar ien dochter. Dy Beits Sappema wie yn 1580 frou fan Tyardt Buwes dy't yn Westergeast wenne. “Anno 1593 en 10 martii sterf de erentfesten ende manhaftigen Jylt Sappema” stiet der op syn grêfsark yn de tsjerke fan Aldwâld te lêzen. Ut it wurd “manhaftigen” meie wy ôfliede dat hy in fjochtersbaas wie en yn kriichstsjinst west hat. De heule 16e en iere 17e iuw wurde Sappema's as oansjenlike ynwenners fan Aldwâld neamd. De “eersame” Sybet Sappema waard yn 1571 en de “erentfeste” Jylt Sappema (sjoch ek Oentzema te Westergeast) yn 1593 yn de tsjerke begroeven; ek Binnert Sappema, lid fan Deputearre Steaten en rjochter yn Aldwâld, waard dêr yn 1632 begroeven (troud mei Ricxt Takes fan Hettinga).
Neffens Andreae leinen ûnder Aldwâld meardere huzen Sappema. Sappemahûs of -state lei neffens him east fan Feankleaster, benoarden de Keningswei. Foar 1640 rekke it lykwols al út hannen fan de family en mooglik is doe ek it hûs ferfongen troch in pleats.
- Bewenners
- 1467 Bennert Sappema
- 1543 Binnert Sappema
- oant 1571 mooglik Sybet Sappema
- 1571 – 1593 mooglik Jylt Sappema
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|