Sape Meijer
Sape Meijer (Driezum, 26 septimber 1885 – dêre, 10 maart 1958) wie in folksman fan Driezum en Wâlterswâld.[1][2] Hy wie de jongste soan fan Jacob Meinderts Meijer en Hiltje Sapes Kooistra.
Hy hat in soad betsjutten foar de doarpsmienskippen. By it organisearjen fan feesten wie Sape altyd fan de partij. It doarpsfeest hiet dan ek wol "it Sape Meijer feest". Sape wie ek wakker yn 't spier foar it keatsen. Hy organisearre út namme fan "Lyts Begjin", oprjochte yn 1945, resitearwedstriden en feestlike ledepartijen oan de ein fan it keatsseizoen. Dy partijen hienen ek prizen foar de measte boppeslaggen en de fierste boppeslach. Meijer soarge foar de prizen, sa as de keningspriis. Nei ôfrin dielde er de prizen út dy't er sels rûnom oprûn hie. Nei ôfrin wie der altiten in toanielstik of in fakkeloptocht oan sa'n partij ferbûn.
De Sape Meijerpartij is de lêste keatswedstriid fan it seizoen. De winners fan de froulju en de manlju wurde yn in koetske troch Driezum en Wâlterswâld riden. Jûns wurdt by de priisútrikking yn it pleatslike kafee de Kening en Keninginne fan dizze dei bekend makke.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|