Springe nei ynhâld

Santa Maria (Rivotorto)

Ut Wikipedy
Marijetsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Itaalje Itaalje
plak Assisi
koördinaten 43°2'N 12°36'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Assisi-Nocera Umbra-Gualdo Tadino
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1860-1880
boustyl neogotyk
Webside
santuariorivotortoassisi.org
Kaart
Santa Maria (Itaalje)
Santa Maria

De Marijetsjerke fan Rivotorto (ek: Santa Maria, Santuario di Rivotorto of Santuario del Sacro Tugurio di Rivotorto) is in roomske parochy- en beafearttsjerke yn Rivotorto by Assisi yn Itaalje. Yn 'e tsjerke is de Sacro Tugurio, it earste wenplak fan 'e bruorskip om Fransiskus fan Assisi hinne, De tsjerke heart sûnt it jier 2000 ta it UNESCO-wrâlderfgoed 'Assisi, de Sint-Fransiskusbasilyk en oare Fransiskaanske plakken'. De Marijetsjerke is ek de parochytsjerke fan Rivotorto en Capodacqua. Sûnt 2005 falt de tsjerke ûnder it bisdom Assisi-Nocera Umbra-Gualdo Tadino en net mear ûnder de Fransiskaanske oarder.

It oan Marije wijde tsjerkegebou stiet súdeastlik fan Assisi (Via della Regola 2). Oan 'e tsjerke grinzget it Fransiskaanske kleaster.

De Hillige Hut.

Fransiskus fan Assisi libbe om 1208 mei syn gesellen earst yn in brekfallige hut yn Rivotorto foar dat se nei Portiuncula ferhûzen. Yn dy tiid wie de omjouwing noch rûch en isolearre. Ek it opstellen fan 'e earste regel fan 'e Fransiskaanske oarder en de befêstiging dêrfan troch paus Innosintius III is neffens de oerlevering ferbûn mei de tiid doe't de bruorren yn Rivotorto omsloegen. Dêrom wurdt sûnt 1945 alle jierren op 'e earste snein nei Peaske it feest fan 'e oarderregel fierd.

Nei't Fransiskus mei syn minderbruorren nei Portiuncula ferhûzen, bleaune hearremiten noch in pear iuwen gebrûk meitsjen fan 'e hut. Sûnt 1455 waard it tastien om de missen yn in kapel te fieren. De bou fan in gruttere tsjerke fûn yn 'e iere 17e iuw boud, dy't yn 1854 troch in ierdskodding ferneatige waard. Tusken 1860 en 1880 waard in neogoatysk tsjerkegebou mei klokketoer boud. De Hillige Hut waard yn'e tsjerke rekonstruearre en yn 1926 yn 'e oarspronklike ienfâld werom brocht.

Boppe de tagong stiet it ynskrift Hic primordia Fratrum minorum ('Hjir wie it begjin fan 'e Fransiskaanske oarder). Boppe yn 'e gevel is in foarstelling fan it fisioen oer de fjoerwein, lykas dat yn 'e Legenda Maior (IV, 4) fan Bonaventura beskreaun wurdt. Yn 'e tsjerke hingje 12 skilderijen fan Cesare Sermei (1581–1668) mei foarstellingen út de begjintiid fan 'e minderbruorren yn Rivotorto. Der wiene oarspronklik sechtjin, mar fjouwer binne by de ierdskodding ferlern gien.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsk- en Dútsktalige Wikipedyside; sjoch: en:Rocca Maggiore en de:Rocca Maggiore