Springe nei ynhâld

Sankt Johann (Mainz-Bingen)

Ut Wikipedy
Sankt Johann
Protestantske Jehannestsjerke.
Protestantske Jehannestsjerke.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mainz-Bingen
ferbânsgemeente Sprendlingen-Gensingen
Sifers
Ynwennertal 879 (31.12.2022)[1]
Oerflak 5,66 km²
Befolkingsticht. 155 ynw./km²
Hichte 110 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 55578
Koördinaten 49° 52' N 8° 1' E
Offisjele webside
sprendlingen-gensingen.de
Kaart
Sankt Johann (Rynlân-Palts)
Sankt Johann

Sankt Johann is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Sankt Johann heart by de ferbânsgemeente Sprendlingen-Gensingen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De protestantske, heechgoatyske Jehannestsjerke is it belangrykste monumint fan it doarp en ek ien fan 'e belangrykste tsjerken yn Rynhessen. De tsjerke waard yn 'e twadde helte fan 'e 14e iuw troch de greven fan Sponheim-Kreuznach as beafeartstsjerke boud en leit oan it Rynhessyske Sint-Jabikspaad. Yn 'e tsjerke binne midsiuwske muorreskilderings bewarre bleaun, û.o. in 6 by 8 m grutte foarstellng fan 'e stiftersfamylje dy't Kristus en Marije ferearje. Dêrnjonken binne ek de moderne tsjerkefinsters fan Heinz Hindorf it besjen wurdich. It oargel yn 'e tsjerke waard yn 1793 troch Johann Philipp Oberndörfer foar Roßdorf by Darmstadt boud. Sûnt 1848 stiet it oargel yn Sankt Johann.

Ienris yn it jier wurdt al sûnt de midsiuwen de Sankt Johanner Jahrmarkt organisearre. Dy wurdt yn it wykein nei de feestdei fan Jehannes (24 juny) fierd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: