Springe nei ynhâld

Sangiban

Ut Wikipedy

Sangiban wie in Alaanske kening út de 5e iuw. Under de ynvaazje fan de Hunnen yn Galje (451) focht er oan de side fan de Romeinen yn de Slach op de Katalaunyske fjilden.

Sangiban wie de opfolger fan Goar, de Alaanske lieder dy't mei it Alaanske folk yn 406 it Romeinske Ryk ynluts en in keninkryk stifte yn de omkriten fan Orléans dat eartiids bekend stie as de stêd Aurelianum. Neffens Jordanes hie Sangiban gemiene saken dien mei Attila krekt foar de legers harren treffen soenen yn de slach. De Alaanske kening hie Attila tasein ûnder it fijânlik treffen mei syn leger oer te rinnen nei de haadmacht fan de Hunnen en de stêdspoarten fan Aurelianum foar him te iepenjen. De Romeinske fjildhear Aetius wie fan Sangiban syn ferried op de hichte brocht en hie de Alanen dêrfoar in posysje jûn yn it sintrum lyktsjinoer de haadmacht fan de Hunnen. Sadwaamde wie Sangiban ferhindere mei de Alanen oer te rinnen nei de Hunnen.

Jordanes hat net beskreaun of Sangiban de slach wol of net oerlibbe.