San Salvador (stêd)
San Salvador | ||
Bestjoer | ||
Lân | El Salvador | |
Departemint | San Salvador | |
Boargemaster | Norman Quijano | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 540.898 (2009) | |
Oerflak | 72,25 km² | |
Befolkingsticht. | 540,9 km² | |
Stêdekloft | 620.86 km², 2.290.790 | |
Hichte | 658 m | |
Oar | ||
Stifting | 1525 | |
Koördinaten |
| |
Offisjele webside | ||
sansalvador.gob.sv |
San Salvador ('Hillige Ferlosser') is de haadstêd en grutste stêd fan El Salvador en ien fan de grutste yn Midden-Amearika. De stêd leit yn it departemint San Salvador, dêr't it ek de haadstêd fan is. It ynternasjonaal fleanfjild San Salvador leit 50 km besuden de stêd.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd leit yn in seismologysk tige aktyf gebiet oan de foet fan de fulkaan San Salvador. Geregeldwei binnen der ierdskoddings. De slimste wie faaks dy fan 1854 dy't de stêd folslein yn pún lei. Yn 1917 wie der ek in swiere ierdskodding. De lêste ierdskodding wie yn 2001, mar dy feroarsake relatyf in bytsje skea. Wol waard doe de foarstêd Las Colinas swier rekke.
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tichteby de lizzing fan it San Salvador fan no hie it Pipil-folk har haadstêd, Cuzcatlán. Der is net folle bekend oer dy stêd, dy't ferlitten waard om oan Spaanske oerhearsking ûntkommen. De stêd San Salvador fan no is fierder ûntwikkele út dy âlde delsetting yn 1525 troch de Spaanske konkwistadore Gonzalo de Alvarado en Diego de Holguín, dy't ek de earste boargemaster wurde soe. As offisjele stiftingsdatum wurdt 1 april 1525 oanholden. Tusken 1528 en 1545 waard de stêd in stik ferpleatst, nei de Valle de Las Hamacas dêr't mear romte en fruchtbere grûn wie. 1824 waard San Salvador haadstêd fan de ek dat jier oprjochte Sintraal-Amerikaanske Federaasje. Doe't de feraasje yn 1839 ophold te bestean en El Savador selsstannich fierder gie, waard San Salvador haadstêd fan it lân tn 1841.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]San Salvador hat it Museo de la Palabra y la Imagen (Museum foar Wurd en Byld) oer kultuer en skiednis fan El Salvador.
Stedebân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn San Salvador
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Manuel José Arce, steatsman
- Maria Eugenia Brizuela de Avila, fan 1999 oant 2004 minister fan útlânske saken fan El Salvador
- Ernest Lenart, Dútske toanielspiler
- Roberto Huezo, skilder en arsjitekt
- Fernando Llort, ynternasjonaal bekend skilder út El Salvador, grûnlizzer fan de stylrjochting "La Palma"