Springe nei ynhâld

Saint-Martin-de-Boscherville

Ut Wikipedy
Saint-Martin-de-Boscherville
Bestjoer
Lân Frankryk
regio Normandje
departemint Seine-Maritime
arrondissemint Rouen
Sifers
Ynwennertal 1.555 (2023)[1]
Oerflak 12,91 km2
Befolkingsticht. 120 ynw./km²
Oar
Postkoade 76840
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 49° 26' N 0° 57' E
Offisjele webside
boscherville.fr
Kaart
Saint-Martin-de-Boscherville (Frankryk)
Saint-Martin-de-Boscherville

Saint-Martin-de-Boscherville is in plak en gemeente yn it Frânske departemint Seine-Maritime yn de regio Normandje.

Saint-Martin-de-Boscherville leit yn in bocht fan de Seine op goed 13 km. west fan Rouen op in hichte fan 16 m. It plak leit yn it Regionale Natoerpark 'Boucles de la Seine Normande'.

Saint-Martin-de-Boscherville is in Gallyske stifting út 'e ein fan 'e 1e iuw nei Kristus. Argeologen hawwe de fûneminten fan in Gallo-Romeinske omgongstimpel yn it kleaster fan 'e abdij ûntdutsen. Yn de 7e iuw waard op it plak fan de heidenske timpel in oan Sint-Joaris wijde grêfkapel boud. Raoul de Tancarville, keamerhear fan Willem de Oermasterer helle Augustynske koarhearen nei it plak, dy't nei 1114 troch Benediktinen ferfongen waarden.

Yn 1225 waard de nije abdijtsjerke Abdij Saint-Georges de Boscherville ynwijd. By opgravings waard in 13e-iuwsk bewurke abtskrús fan messing fûn.

Mei de Frânske Revolúsje waard it kleaster ûntbûn en de measte kleastergebouwen ôfbrutsen. De abdijtsjerke bleau lykwols bewarre en waard tenei ornearre parochytsjerke. Dêrtroch rekke de âldere oan Martinus fan Tours wijde parochytsjerke oerstallich. De Martinustsjerke tsjinne noch in skoft as salpeterpakhûs en waard dêrnei ôfbrutsen.

Op 16 juny 1997 hie it plak troch heechwetter yn 'e Seine lêst fan oerstreamings.

Tradysjoneel spile feehâlderij (molke, tsiis, fleis) de wichtichste rol yn it libben fan de selsfoarsjennende boerebefolking; nôt- en fruittylt (apels, prûmen, kersen) wiene ek wichtich. Oerskot waard op 'e merk yn Rouen ferkocht. Stadichoan kamen der lytse ambachts- en tsjinstbedriuwkes by. Sûnt de jierren 1970 hat toerisme in jimmeroan wichtiger rol yn it ekonomyske libben fan 'e mienskip.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De restaurearre Sint-Joaristsjerke stiet tsjinwurdich model foar de Normandyske romaanske boustyl.
  • De restaurearre kapittelseal út de 12e/13e iuw
  • It oangrinzgjende park dat oarspronklik oanlein waard yn de 17e iuw en yn de 20e iuw rekonstruearre waard.

Yn 'e kontrijen: Yn it doarpke Genetey stiet in manoir fan de timpeloarder út de 13e iuw. Sûnt 1974 is de yn 'e 16e iuw ferboude manoir in Monument historique. De kapel datearret út de 16e iuw.

Yn it doarpke Brécy stiet in âld fakwurkhûs, dat sûnt 1968 in Monument histoarique is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Saint-Martin-de-Boscherville