Abdij fan Saint-Georges de Boscherville

Ut Wikipedy
Abdij fan Sint-Joaris fan Boscherville

Abbaye-St-George-de-Boscherville

Lokaasje
lân Frankryk
regio Normandje
departemint Seine-Maritime
plak Saint-Martin-de-Boscherville
koördinaten 49° 26' N 0° 57' E
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Aartsbisdom Rouen
Ynformaasje bou
boujier 12e eeuw
boustyl Romaanske arsjitektuer
monumintale status Histoarysk monumint
Webside
Offisjele side fan de abdij
Kaart
Abdij fan Saint-Georges de Boscherville (Frankryk)
Abdij fan Saint-Georges de Boscherville

De Abdij fan Sint-Joaris fan Boscherville (Frânsk: Abbaye Saint-Georges de Boscherville) is in monumintaal kompleks yn Saint-Martin-de-Boscherville yn it Frânske departemint Seine-Maritime. Under de gebouwen is in tsjerke, werfan't de bouwstyl hast folslein romaansk is, in kapittelseal, in kleastergebou en in kapel yn in omjouwing fan yn de 17e-iuw ûntwurpen tunen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lokaasje is al sunt de 1e iuw in hillich plak. Yn de gallo-romeinske tiid stie der in timpel, dy't yn de twadde iuw ferfongen waard troch in fanum, wêrfan't de cella yn de Frankyske tiid in begraffeniskapel wie. Sûnt de 7e iuw stiene dêr ferskate kristlike gebouwen, dy't de oarsprong foarmen fan de lettere abdij.

Yn 1055 wiisde Rudolf fan Tancarville (Raoul de Tancarville; ek Raoul-le-Chambellan) de lokaasje ta oan in groep sekuliere kanunniken. De begraffeniskapel fan 15.50 meter by 7.50 wie te lyts en op it plak fan it fanum waard in kollegale tsjerke boud, dy't wijd waard oan Sint-Joaris. In histoarysk kleasterdokumint út 1080 beskriuwt de wurksumheden tige krekt.

Ynearsten diene de kanunniken harren wurk mei stipe fan de aristokraten, mar mei't hja riker en mear ynfloed krigen, ûnstie der ûnder deselde aristokrasy fijannigheid. Lykas nochris tritich oare kollegiale tsjerken yn Normandje ferdwûn ek de kollegiale tsjerke fan Boscherville. Yn 1113 of 1114 sette Willem fan Tancarville (Guillaume de Tancarville), keamerhear fan kening Hindrik I Beauclerc, harren út de kollegiale tsjerke om de abij Sint-Joaris fan Boscherville te stiftsjen.

Gouden tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersicht fan de abdijtunen
Romaanske kapitelen

Willem fan Tancarville (ca. 1075-1129), stifte om 1112-1113 hinne de Sint-Joarisabdij fan Boscherville , nei't syn heit Rudolf (Raoul de Tancarville) in donaasje dien hie. Tanksij it patrosinium wist de abdij in grut tal skinkingen te krijen, fral dy fan kening Hindrik I, dy't de abdij de haven fan Bénouville skonk. It soe it plak wurde dêr't de famylje begroeven waard. De eardere kanunniken waarden ferfongen troch benediktynske muontsen fan de abdij fan Saint-Évroult. Saint-Évroult woe de abdij hâlde as priorij, mar de stifters soargen der foar dat mei de donaasjes oan abt Loadewyk, fan 1114 oant 1157 de earste abt fan Boscherville, in tsjerke en kleastergebouwen boud wurde koene. Syn opfolger Fiktor, abt fan 1157 oant 1211, wie in muonts fan Saint-Victor de Caux. Hy boude in haadgebou en kleastergong. Mar it wie fral it kapittelhûs wêrút de keunstsinnige smaak fan de abt bliken die en dêr't er ek yn byset waard. Yn syn grêf soe letter in prachtige bewurke kromstêf út de 13e iuw fûn wurde. Yn de 15 jier dat Richard I abt wie moast er noch jimmeroan tsjin de abdij fan Saint-Évroult stride foar de autonomy fan it kleaster, mar yn 1225 makke in bul fan paus Honoarius III in ein oan de pretinsjes fan Saint-Évroult. Yn de 13e iuw waard de ienfâldige houten souder fan it tsjerkeskip en it dwersskip ôfbrutsen en ferfongen troch in goatysk ferwulft. It wie ien fan de seldsume yngrepen yn de fierder hast noch oarspronklike tsjerke.

De bêste tiid fan de abdij wie sûnt de stifting oant it jier 1244.

De delgong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goatysk ferwulft fan it skip

Tusken 1249 en 1269 brocht de aartsbiskop fan Rouen, Eudes Rigaud, hast alle jierren in besite oan de abdij. Hy stelde in dusoarder fêst, der wiene net mear as twintich muontsen en hja lieten frjemden ta op plakken dêr't dy net komme mochten. Wat der oan tafel oerbleau waard net lykas wenst oan de earmen útdield en der wie gjin goede Bibel om út te lêzen en mienskiplik nei te harkjen. De abt wie fierstente faak ôfwêzich. De aartsbiskop rikkemendearre mear disipline oan en yn 1267 stelde er fêst dat alles wer yn oarder wie.

Yn 1305 ferstoar it lêste lid fan de famylje Tancarville, dy't de abdij altiten trou west hie. De abdij waard no ôfhinklik fan de d'Harcourts en letter fan it hûs Orléans-Longueville. Hja fergeaten de abdij net en de abdij naam it wapen fan syn begeunstigers oan. By in besite fan kening Karel V yn 1322 waard de abdij noch mar troch 10 oant 15 muontsen bewenne.

De iennige priorij dy't de abdij yn Ingelân besiet stie yn Edith Weston (Rutland) en waard yn 1390 ferkocht. Yn 1412 krige abt Willem-Stefanus (Guillaume-Étienne) it rjocht foar him en syn opfolgers in stêf en in miter te brûken.

Tekening fan de tombe fan abt Antonius Le Roux fan Boscherville

De abdij waard yn de Hûndertjierrige Kriich plondere en in needsaaklike renovaasje folge. Yn de 15e iuw wiene der net mear as acht muontsen, dy't net mear yn steat wiene de plichten fan harren begeunstigers nei te kommen, mar it tal roppingen begûn wer ta te nimmen en yn 1502 wiene it der 12, yn 1530 al 20. De iennige abt fan Boscherville dy't yn de tsjerklike struktueren in hege funksje beklaaie soe wie abt Antonius Bohier (Antoine Bohier), hy ferstoar as aartsbiskop fan Bourges.

Tusken 1506 en 1535 waard it kleaster ûnder abt Antonius Le Roux (Antoine Le Roux) foar in part ferboud. Fan de abt bleau noch in moaie tombe bewarre. Mei him einige in lange list fan fêste abten.

Dekadinsje en it ein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de abdij "yn kommende" te pleatsen koe de kening in persoan fan oansjen, in frjemde, mei de titel abt beklaaie, dy't folop fan de ynkomsten profitearre mar dy't altiten hiele oare belangen hie dan de muontsen. Yn 'e regel wenne sa'n kommendatêre abt net iens yn it kleaster, mar yn in kastiel of in paleis en it wie selden in benediktyn. Foar de abdij betsjutte dy selsferriking in grutte ramp. Hja hiene brek oan eigen ynkommen en foar de donaasjes oan de kommendatêre abt krigen hja neat werom. In prior waard dan oansteld om de abt te ferfangen, mar yn 'e regel fersloppe de monastike disipline. Under dy kommendatêre abten fan Boscherville wiene ek twa kardinalen fan de famylje d'Este, dy't harren nei alle gedachten nea sjen litten ha yn de abdij.

De abdij yn 1700

In oare ramp dy't de abdij trof wiene de godstsjintkrigen yn Frankryk. Yn 1562-1570 moasten de muonsten út de abdij flechtsje om harren skûl te hâlden foar de protestanten, dy't al it meubilêr en de bylden yn de tsjerke fernielden en de oare abdijgebouwen plonderen. Yn 1590 besochten hja de tsjerke yn 'e brân te stekken. Fan it abdijhûs bleau neat oer en sawol de kleastergong as de sellen fan de muontsen waarden yn 'e jiske lein.

Fan 1626 oant 1676 yntrodusearre abt Loadewyk fan Bassompierre (Louis de Bassompierre), biskop fan Saintes, de herfoarmings fan Sint-Maurus. In grut part fan de kleastergebouwen waarden op 'e nij boud. Yn 1659 ûnderhannele de Kongregaasje fan Sint-Maurus, dy't al in soad abdijen fan de ûndergong holpen hie, mei de muontsen fan de abdij. Hja mochten harren gewoanten en it rjocht in prior te beneamen hâlde en op 1 desimber 1660 setten de Mauristen harren yn de abdij nei wenjen.

Jean Louis Charles fan Orléans-Longueville, soan fan de ferneamde hartoginne fan Longueville, lei yn 1690 de earste stien foar de nije grutte kapittelseal en it dormitoarium (sliepseal). Der waarden tunen oanlein en de tsjerke krige in pronkske ynrjochting. Nei't by him kranksinnigens fêststeld waard, lieten syn âlden him troch in lettre de cachet yn de abdij opslute, dêr't er yn 1693 ferstoar.

Frânske Revolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1790 wie it tal muontsen fan de abdij al sakke nei sân. Op 13 febrewaris 1790 feardige de Nasjonale Assemblée it dekreet út om alle kleasteroarders te ferbieden. Amtners fan de gemeente Saint-Martin-de-Boscherville ynventarisearren de besittings fan de abdij en dielden de muontsen mei dat hja dêr net mear thúshearden.

By in feiling, dêr't de tsjerke net ûnder foel, kocht in keapman út Rouen de abdij en it kleasterhûs, kompleet mei tunen, kleastergong en binnenhôven. Yn it grutte gebou fan de Mauristen waard in fabryk ûnderbrocht. De abdijtsjerke wie doe yn goede steat en hie in folsleine ynrjochting mei in oargel. Om't de tsjerke en de parochiale gebouwen fan Saint-Martin de Boscherville brekfallich wiene, namen de ynwenners it beslút om de abdijtsjerke as parochytsjerke oan te hâlden, wylst de âlde tsjerke brûkt waard foar de produksje fan salpeter.

Op 20 desimber 1791 waard de fabryk al wer stil lein. De eigner liet in grut part fan it gebou ôfbrekke en ferkocht de stiennen. De kapittelseal die tsjinst as stâl foar it fee en waard letter, yn 1822, eigendom fan it departemint.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grûnplan

De abdijtsjerke fan Sint-Joaris fan Boscherville fertsjintwurdiget in grutte ienheid fan Normandyske romaanske arsjitektuer. Lettere feroarings yn it oarspronklike ûntwerp binne de goatyske geveltuorkes en it ynbouwen fan de ferwulften yn it skip en it dwersskip. De ferwulften yn it koer en de sydskippen binne oarspronklik en hawwe gjin ribben. It koer wie mei de apsis en in travee fan it skip oarspronklik heger dan de rest fan it skip, itjinge te sjen is oan de ferskillende hichten fan de pyldersokkels. De romaanske tsjerke kin ferlikene wurde mei de Notre-Dame-sur-l'Eau by Domfront en de Saint-Nicolas fan Caen, dy't boud waard troch de benediktynske muontsen fan de Abbaye des Hommes.

It grûnplan fan de tsjerke foarmet in latynsk krús mei in skip fan acht traveeën mei sydskippen, in dwersskip mei in lytse apsis oan de eastlike kant fan eltsje earm en in koer foar de muontsen dat begûn yn it sânde travee. Boppe de krusing fan it gebou feriist in lantearnetoer, wylst oan wjerskanten fan de gevel twa lytsere goatyske klokketuorkes steane. De sydskippen, de earms fan it dwersskip en it koer hawwe krúsferwulften. Oarpronklik hie it skip in houten souder, dat letter ferfongen waard troch in goatysk ferwulft. It trifoarium hat healrûne bôgen en fjouwer treppen liede ta de hegere dielen fan de tsjerke. It timmerwurk yn it súdlike dwersskip, dat út de 2e helte fan de 12e iuw datearret, is fan it âldste type dat yn Frankryk bestiet en noch jimmeroan yn in opfallend goede steat bewarre bleaun is.

Foar de Frânske Revolúsje stiene yn de tsjerke de tombes fan de stifters en begeunstigers.

Kapittelseal

De kapittelseal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kapittelseal waard boud ûnder abt Fiktor (1157-1211) dy't dêr begroeven leit. De seal grinzget oan de noardlike earm fan it dwersskip en waard opnommen yn it gebou dat de Mauristen bouden. Dêrby winskjen hja de âlde kapittelseal te behâlden. It is in rjochthoekige romte fan 16,73 meter lang, 7,60 meter breed, 12 meter heech mei muorren fan 1,80 meter dik. De seal hat te lijen hân fan de fernielings troch protestanten en guon dielen binne yn minne steat troch de kwaliteit fan de stien. In apsis is oars as wênst yn Normandyske kapittelsealen net oanwêzich.

Tancarville-kapel

Kleastergebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It diel fan it grutte gebou dat de Mauristen bouden oan it ein fan de 17e iuw is bewarre bleaun. De ynrjochting is yn klassike styl fan it Loadewyk XIV-tiidrek.

Kleastergong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kleastergong bleau net bewarre, mar de fûneminten krigen yn 1862 de status fan histoarysk monumint. In 12e-iuwsk kapiteel mei alve musisi en in akrobaat wurdt bewarre yn it Musée des Antiquités fan Rouen.

La chapelle des Chambellans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noardlik leit de 13e-iuwske kapel fan de Chambellans (ek: de Tancarville-kapel). De hearen fan Tancarville organisearren somtiden grutte eveneminten of gearkomsten yn in kompleks dat Logis des Chambellans hiet en binnen de muorren fan de abdij lei. Underdiel wie in 30 meter lange seal mei trije hurden. Fan it kompleks is allinne de kapel oerbleaun.

Tunen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 17e-iuwske abdijtunen binne neffens âlde ûntwerpen op 'e nij yn de jierren 1980 oanlein. De tunen besteane út in hôf, fruchtbeammen, grientetunen en tunen mei medisinale en aromatyske planten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.